De silerij by Starum hie foar ús doarpsskûtsje in tige ûnferwacht ferrin. Yn ‘e tredde rûte – doe’t ‘it doarp Eastermar’ op in 12e plak sylde – knapte de ferbining tusken foarstaach en mêsttop! Gefolch wie dat net allinnich de fok nei ûnderen kaam mar ek de gyk in stik nei ûnderen knikte. Douwe Tadema siet dêr krekt ûnder en hy krige in ôfgryslike dreun tsjin nekke en rêch. Skipper Geale Tadema sette daliks de giele flagge (= fraach om medyske bystân) yn ’t want, liet it grutseil sakje en gie út de wedstriid.
Freke Wink, ek oan board fan ’t folchskip, fear mei kapitein Bertil Vermeulen fuort nei it Eastermarder skûtsje om har medyske kennis yn praktyk te bringen en hja ferliende de earste help.
Foar alle wissichheid waard in ambulânse warskôge en nei de jachthaven fan Starum dirigeard. De ambulânsehelpers ha Douwe yn stabilisearre tastân fan ’t folchskip helle en nei Snits brocht. Dêr is nochris ekstra goed sjoen nei syn kwetsueren en de lêste berjochten binne dat Douwe fan dizze klap nei alle gedachten gjin bliuwend letsel oerhâldt. Sa’t it no liket is hy der woansdei wer by! Ek op de side fan de IFKS wurdt ferslach dien fan de silerij by Starum.
Douwe Tadema (r) oan it wurk
Klik hier voor de fotoreportage van Klaas Jansma
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »