Yn de ferslaggen hawwe jimme lêzen dat wy yn de wedstriden op 'e Lemmer net mear it behâld yn de A-klasse foarinoar krigen. It wienen wol ferskuorrend spannende wedstriden, net allinnich foar de striders om it earste plak. Wy sile dus kommend jier wer yn de B-klasse.
Us foarsitter Wijbe Postma helle juster al oan dat wy as bemanning dit jier mear leard hawwe as de eardere twa jier yn de C- en B-klasse. By de starts is it gewoanwei smoardrok, jo krije gjin gatsje mear by de tonne, in leger fan profesjonele adviseurs sylt op de skippen mei om te sjen wêr't de wyn weikomt en dus de de slaggen lizze moatte. Wedstriden dy't blykber trochgean moatte oant yn de protestkeamer...
Juster is it skûtsje weromkaam yn Eastermar. Earst op de motor en fan Burgum ôf op syl. En dan farre jo op de Burgumer Mar en dan komme de boaten jo temjitte. En dan blykt de Komerk wer hielendal fol te stean mei folk, de supporters. Dat hat foar de bemanning in tige grutte opstekker west. Super. Brok yn 'e kiel. Dan sjogge jo hoe't de donateurs út Eastermar en omkriten meilibje, ek dit jier wer. Hokker skûtsje hat no sa'n machtich 'DegradaasjeBarren' sa as uzes juster op de Komerk en yn Meerzigt? Ik hoopje foar harren dat ek yn Warten en Earnewâld safolle minsken warber wienen foar de skûtsjeskippers.
Tige tank foar jimme stipe en entûsjasme. It kommende jier wurdt der wer foar syld: foar in topklassemint!
Oebele
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »