Yn Langwar hat it skûtsje fan Grou hjoed goeie saken dien neidat it al dagen troch pech achterfolge waard. De dei derfoar, op Terherne, kaam der 300 meter foar de finish in skuor boppe yn de mêst en moasten de seilen fuortendaliks del. Yn sân hasten moast der in oare mêst komme... mar de âlde mêst fan Grou wie oernommen troch... Eastermar.
No is it skûtsjefolk net te beroerd om mekoar te helpen as it der op oankomt. Geale Tadema, skipper fan 'It Doarp Eastermar' wie fuortendaliks ree doe 't it fersyk binnenkaam en sa waard Grou hjoed winner yn Langwar mei de mêst fan Eastermar!
Hoe 't it no fierder moat mei de mêst is op dit stuit noch net bekend.
It skûtsje fan Eastermar, dat meidwaan sil oan de IFKS, is dizze wike foar de twadde kear keurd. De earste keuring wie eins fuort nei de oankeap om te sjen oft it wol in orizjineel skûtsje is. Dizze twadde keuring hat plakfûn nei't it skip folslein restaurearre is. Allinne mei de roef is men noch dwaande, en ûnder betingst dat dat ek goedkomme sil, hat de IFKS it skûtsje fan Eastermar goedkard.
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »