Op freed 28 maaie waard oan donateurs fan it Eastermarder skûtsje de gelegenheid bean om in kear mei te silen op 'ús eigen skûtsje'. Dit waard organisearre troch Stifting 'it Eastermarder Skûtsje', fansels yn de mande mei skipper en bemanning.
Om 17.00 oere lei it skûtsje foar de earste groep klear op de Komerk. Nei in hiel aardige útlis fan skipper Geale Tadema ('Tink om it stikje hout dat oerkomme kin op it momint dat wy draaie'), moasten de donateurs fuortendaliks sels oan 'e bak. Der stie in bêst stikje wyn, in dikke fjouwer, dus moast der in rif yn it seil set wurde. En dêr wie de help fan de 'nijbakken' bemanning wol even by nedich (foto).
De twadde groep sette om 19.00 oere ôf. De wyn hie him wat deljûn mar der wiene noch genôch pûsterkes om aardich oer de Mar te fleanen.
Al mei al in goed slagge aksje, mei tank oan skipper en bemanning, dy 't de hiele freedtejûn klear stiene om sjen en hearre te litten wat it silen op 'ús skûtsje' no eins ynhâldt.
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »