Yn gearwurking mei boubedriuw Swart binne trije stazjêres fan it Friesland College dwaande mei it betimmerjen fan de roef fan it Eastermarder Skûtsje.
Nei de grutte restauraasje fan foarich jier (fan wenark nei silend skûtsje) wie dit ien fan de earste en grutste winsken fan de eigners en de Stifting. Boppedat is ien fan de easken om mei de IFKS meisile te kinnen in, leafst orizjinele, betimmering fan de roef. Ferline jier is der, noch even gau foar de earste wedstriid, wat hout ynspikere, mar dat kin foar dit jier net mear.
De trije stazjêres binne wakker optein oer de klus. "Dit is in moaie put foar ús, wy hienen wol in mindere staazje treffe kinnen". Ek oer de begelieding binne de mannen hiel tefreden. Benammen oer learmaster Meije van der Ploeg gjin ferkeard wurd. "Meije leart ús de kneepkes fan it fak mar hy kin ús ek goed gewurde litte. Hy sit der net hieltyd boppe-op om te sjen hoe 't wy it dogge."
Neffens de trije studinten fan de houtoplieding fan it Friesland College lizze se goed op skema. "Dit komt foar de simmer wol klear, it giet prachtich."
Yn de wurkpleats fan Swart wurdt al it houtwurk taret. Der wurdt wurke mei fjurrehout en grenen om de betimmering sa licht mooglik te hâlden. Gewicht spilet foar in wedstriidskip in grutte rol. Wannear't alles twa kear yn de grûnferve stiet, wurde de stikken dy't klear binne nei it skûtsje brocht. Dêr wurdt ien en oar dan ôftimmere. In skilder sil it wurk dan ôfmeitsje.
De stazjêres hawwe ynspiraasje opdien op it skûtsje fan Earnewâld en binne fjouwer dagen yn 'e wike dwaande om it projekt klear te krijen. It úteinlike resultaat komt fansels op dizze side te stean.
Fan links nei rjochts op 'e foto:
Arjen Bosma (Kollumersweach), Maarten Scholtanus (Wergea) en Gerben Reifenrath (Aldegea Sm.).
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »