De ôfrûne moanne hat ‘it doarp Eastermar’ yn twa wykeinen de wedstriidsilerij fan 2016 ôfsletten. By beide wykeinen sylden sawol SKS- as IFKS-skûtsjes mei en moast skipper Geale Tadema mei sa’n fyftjin oare skûtsjes de striid oangean. In moaie gelegenheid om it nije túch (grutseil en fok) te testen.
Friese Hoek (1 en 2 okt. op ‘e Lemmer)
Om goed neigean te kinnen wat it mei it nije materiaal lije koe, fear de seilmakker de de beide saterdeiswedstriden mei. Miskien hat syn oanwêzigens motivearjend wurke, want beide kearen wie de start prima en kaam ús doarpsskûtsje as earste by de boppeste tonne. Dit masterstikje waard yn ‘e sneinswedstriid – mei in ‘bêste pôle wyn’ – nochris herhelle, mar dan sûnder de seilmakker. Syn befinings en dy fan ‘e bemanningsleden liede der wol ta dat der wat lytse oanpassings oan ’t túch dien wurde moatte.
Dat de saterdeis twa kear in strafrûntsje draaid wurde moast om’t der in tonne rekke waard, wie gjin behindering om yn it einklassemint in knap tredde plak te heljen.
Roekoepôlerace (15 en 16 okt. op Snitser Mar en Puollen)
Ek yn dizze wedstriden wie de start fan grut belang. De saterdeis waard der goed begûn, mar koenen dy foarste posysjes net fêsthâlden wurde. Yn ‘e striid wienen der taktysk in pear minne mominten mei it resultaat dat ús ploech ‘achterút’ sylde en as 14-de en 9-de finishte. Ek hjir waard ien kear in tonne rekke, dus... strafrûntsje. Krekt foar de start fan ‘e sneinswedstriid rekke by ‘it doarp Eastermar’ in blok yn ‘e mêst stikken. De wedstriidorganisaasje (KWS Sneek) wie romhertich en stelde foar ús doarpsgenoaten de start út – kompliminten fan ús kant! – om de averij te ferhelpen. Dit makke ek dat ús mannen eins te gysten starten en dus te gau. Falske start, keare en op ‘e nij begjinne. Wol waarden dêrnei in tal oare skippen ynhelle en einige ús doarpsskûtsje op in 5-de plak.
It skûtsje fear dêrnei werom nei de thúshaven. Kommend wykein wurdt it skip ‘winterklear’ makke: de wedstriidmêst ferfongen troch de âlde, de gyk derôf en fan gaffel wikselje. Dat alles wer mei help fan Eastermarder bedriuwen dy’t har ark dêrfoar beskikber stelle. Klasse!
Dan leit it doarpsskûtsje yn ‘e wintersliep en sil de Stifting It Eastermarder Skûtsje(SIES) wer syn bêst dwaan om de ferljochting oan te bringen.
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 augustus 2024
Skûtsje Ea mei averij út de lêste IFKS-wedstryd op 'e Lemmer (update)
Update: it protest is tawiisd en dat betsjut dat de Ea tredde wurden is yn it klassemint! In poadium... Fierder lêze »