Nei in tige slagge aksje ûnder donateurs en sponsors, mei as doel in nije mêst foar it skûtsje fan Eastermar, koe skipstimmerbedriuw Boersma fan de Gordyk los mei it meitsjen fan de mêst. Dit bedriuw hat it drok want Eastermar is net de ienigste dy 't nij rûnhout op it skûtsje hawwe wol. Mar gelokkich koene de bruorren Tadema de mêst op tiid bestelle en sadwaande is 'ús mêst' moai op tiid foar it seizoen klear.
Op de foto's is goed te sjen dat it D-Day wie, dêr by Boersma. De ferskillende planken (oregon pine) waarden op nerf, sterkt en dikte úsocht. Dêrnei waarden dizze planken op maat skaafd en oaninnoar 'laske' om in lengte fan 20 meter te ferkrijen. Dan in spannend momint. Alle planken waarden ynsmart mei spesjale twa komponentenlym en dêrnei mei in tal grutte lymtangen ûnder druk setten. Ek wurdt fuortendaliks de kromming fan de mêst al yn de foarm brocht. Dit alles moat binnen trije ketier gebeure!
Neidat de lym droege is kin it skaavjen beginne om de mêst rûn te krijen. Meikoarten komme dêr ek foto's fan op 'e side.
foto's Geale/Douwe Tadema
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »