Gelokkich foar 'it doarp Eastermar' ferrûn de twadde dei op ‘e Lemster baai better as dy fan juster. Der stie noch wol in stive wyn, krêft 4 à 5, mar net mei de rare útsjitters deryn dy’t juster foar omslaanderij en averij soargen. De ôfbrutsen lummel is wer makke en der koenen dus twa wedstriden syld wurde hjoed. Beide kearen - om 11.30 en 14.30 oere - gie de start goed.
Yn ‘e earste wedstriid wie, krekt as juster, in finishplak yn ‘e ‘sturt’ fan it fjild it resultaat. Yn de lêste wedstriid fan hjoed rûn it skip better en koenen de Ea-ers in posysje yn ‘e middenmoot fan ‘e dik 20 dielnimmers besile. Omdat der by beide wedstriden nochal wat ferskillen yn it dielnimmersfjild wienen (dns = net start, dsq = diskwalifisearre en dnf = net finished), einige ús doarpsskûtsje beide kearen op in 13e plak.
Juster wie dat in einklassearing fan 16 plus in ‘dnf’ troch averij. Dat resultearre yn in 17e plak yn ‘t totaalklassemint. Der sit dus progresje yn. Of om ien fan ‘e bemanningsleden te sitearjen: ”Dit binne prima wedstriden om te trenen foar it echy”.
Saterdei (1 juny) wurdt der mar ien wedstriid syld troch klasse 1 en dy begjint om 12.30 oere.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »