Under grutte belangstelling fan in moaie groep Eastermarders op 'e dyk by de Lemmer wie it hjoed de lêste dei fan de IFKS 2026. Gelokkich stuts der, nei in hast wynstille moarn, in aardich koeltsje op en koe der syld wurde. As earste de Broekophâlder dy’t in de lytse-A nei in kreas 11e plakje sylde. Wiebe en syn bemanning waarden ek 11e yn it klassemint. Prima dien, minsken!
It Doarp Eastermar koe hjoed noch in poadiumplak helje mar dan moast it skûtsje wol foar twa oare skûtsjes, Sterke Jerke en Grutte Pier, mei flink wat plakken der tusken oer de streek komme. It wie in wedstryd mei in soad wynskiftingen. dêr’t soms fan profitearre wurde koe en oare kearen just net. Hiel even, oan de ein fan de wedstryd, like it der even op dat de Ea firtueel op in tredde plak sylde, mar troch dy wispeltuerige wyn slagge dat dochs net. En op de finish krige de Grytsje Obes ek noch in priveefleachje en pakte dêrmei it fjirde plak. It Doarp Eastermar kaam as fiifde oer de finishline. Om mei Geale te sprekken: "mear siet der hjoed net yn".
De Vrouwe Jantje waard kampioen en nimt it stokje oer fan de Ea. Yn it klassemint fan 2026 is de Ea op in prachtich fjirde plak einige. It wie in geweldich moaie sylwike, wêryn't it Geale en bemanning hieltyd better slagge om nei foaren te silen.
Skûtsje it Doarp Eastermar komt snein werom yn Eastermar. It skûtsje wurdt om kertier foar fiven hinne ferwachte op ‘e kop fan ‘e Komerk.
It soe fantastysk wêze wannear't der Eastermarders klear stean om de bemanning in waarm wolkom te jaan!

-
- Informatie
- 11 september 2026
Rabo ClubSupport actie ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’.
Vanaf 7 september kun je op ons stemmen! Stichting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan de Rabo Club... Fierder lêze » -
- Informatie
- 30 juni 2026
Útslach ferlotting skûtsje It Doarp Eastermar
Utslach fan’e ferlottingfoar skûtsje It Doarp Eastermar. Op de bradery mei it doarpsfeest.De tredde... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 april 2026
Skûtsje “it doarp Eastermar” weer begonnen met trainen.
Vorige week zondag en afgelopen zondag waren de eerste trainingen van “it doarp Eastermar” met de be... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 april 2026
Stichting It Eastermarder Skûtsje neemt na 20 jaar afscheid van penningmeester Evert Lijzenga.
Vorige week donderdag hebben we op een warme en feestelijke manier afscheid genomen van Evert Lijzen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 april 2026
Skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar voor het nieuwe seizoen
Vorige week zaterdag is het gelakte houtwerk; de mast, het roer, de zwaarden enz. teruggeplaatst op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2026
Historisch skûtsje De Roerdomp teruggevonden
Een bijzonder stuk Friese skûtsjehistorie is teruggevonden: het historische skûtsje De Roerdomp (L24... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 31 juli 2026
De IFKS 2026 set útein
Wy winskje skûtsje 'it doarp Eastermar' en skûtsje 'Broekophâlder', bemanning, sponsors, freonen en... Fierder lêze »


