De earste fjouwer wedstriden skûtsjesilen IFKS yn de A-klasse hawwe no west. En eltsenien dy't it allegearre folge hat, wit dat it net sa hiel bêst ferrûn is. Yn alle gefallen minder as de measten fan ús hope of tocht hienen: alle kearen yn de acherein. En dan hearre jo: "it túch stie der net goed by", "de slaggen koenen better", "it siet harren by de tonnen net mei..."
Mar wy kinne der net omhinne: yn de A-klasse wurdt gewoan better en hurder syld. Snellere skippen, bettere skippers. Oare jierren wie der noch wolris rûmte yn de start of by de tonne. No net: se knipe jo der út as se kinne. Guon lokje hast in protest út en dan kinne wy dochs mar in rûntsje draaie. Sjoch mar ris op de IFKS-side nei de kompjûterbylden.
Wis, it wurdt no in poepetoer om yn de A-klasse te bliuwen, tusken Jelle Talsma, de Los Boys, Tony Brundel en al dy oare toppers. Mar ja, dat binne skippen mei in syl fan ien, heechút twa jier. Dat fan ús is tsien jier. Mar wat wy hjoed yn Sleat dan ek wer hearre fan de oare skippers: "Jongens, as it by jimme rint, wat giet it dan hurd!" En sa fiele wy dat ek. Wy ha allegear it gefoel dat der noch in hiel soad út it skûtsje te heljen is, dat wy ek yn it middeisferslach fan Klaas Jansma thús hearre. De starts wienen meast super, foar de wyn en heech oan de wyn rint it ek knap. Dan komt de rest ek.
Der komme as ik dit skriuw noch trije wedstriden en wy sille der om stride bliksem! Hja sille witte wat de Eastermarders kinne. Net allinnich op it wetter mar ek oan de wâl. Want wat binne der wer in soad Eastermarders as supporter. Dêr binne wy grutsk op. Moarn mar werris eefkes yn it ferslach sjen.
Oebele, skoateman
Besjoch de bylden fan Albert Bakker fan de wedstriid op de Sleattemer Mar.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut sukses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »