Op 'e Tsjûkemar ek gjin problemen foar it Doarp Eastermar

Nei it knalfeest yn Sleat, mei de superband 'Sesam' dy’t wy perfoarst ris in kear op it doarpsfeest ha moatte, wie it fannemoarn wer tige betiid appèl. It skûtsje njonken it folchskip en op wei fia Follegea nei de Tsjûkemar. De mar dêr't ferline jier sa’n allemachtich stik wyn stie dat wy hast fersûpten.

Hjoed jout it waar in hielendal passende Eastermarder-skûtsjewyn: tusken de twa en lytse trije. Wy doarre it hast net te hoopjen, mar der sit wer in kâns yn dat wy boppe-yn einigje. It folchskip moat foar de hege brêge fan de A-6 lizzen bliuwe, mar it 'slachskip' fan Klaas en Gryt Land nimt de taak op him om ús froulju mei te nimmen de mar op.

Nei in oere ynsilen geane wy nei de startline. En wy fernimme dat de oaren op ús sile: hja hâlde ús yn ‘e gaten en besykje ús yn de útskiten wyn te krijen. Te narjen. Hja witte dat wy boppe-oan yn it startersklassemint stean. Mar it helpt harren neat. Wy binne wer as earste fuort: in moai plakje tuskenyn oer bakboard, net te ticht by de oaren en dan mei faasje op 'e tiid oer de line daverje. Dat slagget. En de konkurrinten lizze, sa’t Klaas Jansma it sa moai seit, yn it laberet.

De wedstriid. Tsja, de wedstriid. Foar de taskôgers op de boat en op ‘e wâl liket it oft it allegearre like maklik giet. Mar foar ús as bemanning leit dat hiel oars. Wy sile skerp, ek al lizze wy op in stuit mear as fiif minuten foar op de nûmer twa. Elk fleachje is uzes en alle bemanningsleden binne dwaande mei har eigen taak. Der wurdt dus ek net praat, oars as troch de skipper. Mar ien kear oer de finish balte en raze wy as gekken. FOAR DE TREDDE KEAR EARSTE!

Dêrnei in hulde oan it Eastermarder publyk op ‘e wâl: sûnder dat publyk soe it stil wêze foar ús en stil op ‘e dyk. De Eastermarders falle op: juster yn ‘e feesttinte binne wy troch ferskate bemanningen en ek IFKS-bestjoersleden oansprutsen hoe moai't hja de Eastermarder gekte fine.

Bêste minsken: noch twa wedstriden. En tink jim ris yn: as wy moarn by de earste fiif einigje, dan, dan… Wat soe dat moai wêze. Foar it doarp, de bemanning, mar boppe-al en net te ferjitten foar Hendrik en Sees Tadema.

Wy geane no nei Ychtenbrêge, om wer op it poadium te klimmen.
Oant op ‘e dyk op 'e Lemmer? En oant snein?

Oebele en Fokje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: