Moandei 28 july, moarns om kertier oer sânen giet de wekker en de earste gedachte is: "Stiet der wol wyn?"
Ja, der stiet wyn dus der kin syld wurde. Ite en it skûtsje ree meitsje en dan ynsile. Wynkrêft 2 oant 3 en dat is geunstich foar ús skûtsje, dan rint er lekker. Nei de start lizze wy earst wat ferkeard: ûnder oare skippen. Dêrom meitsje wy fuort dêrnei in oare slach as de measte skûtsjes en dat slagget tige!
Allinnich giet de ‘Singelier’ as earste, ‘Ea’ as twadde en de ‘Poep’ (de Jonge Jan, Jelle Talsma) as tredde om de earste tonne. De Singelier is foarich jier degradearre út de A-klassse en de 'Poep' wie foarich jier earste yn de C-klasse, dus dan dogge je goed mei. Om de twadde tonne binne wy wer twadde mar dan komt de Poep ûnder ús lâns en kinne wy net oerstaach en sa reitsje wy as tredde om de tonne en sa is it oan de ein ta bleaun. Freddy van der Heide út Grou leit op it fjirde plak en de rest komt in hiel ein achter ús oan. As earste giet de Singelier oer de finish, de Poep as twadde en wy as tredde. Wat machtich net?!? Wa hie dat tocht: de earste wedstriid en dan tredde! ‘It doarp Eastermar’ hat noch efkes in earerûntsje makke by it strântsje del foar syn publyk. En wer steane dêr in soad Eastermarders... SUPER! It folchskip en it skûtsje binne flak by it strân lizzen gien en sa kinne der fans op it skip komme. Mar dat duorret bestjoersfoarsitter Wijbe Postma te lang en hy is nei de boat ta swommen. Dan binne je in echte fan! Dan krije we noch te hearren dat it liket oft wy twad wurden binne, mar om’t de ‘Singelier’ protest oantekene hat en hja dat wûn ha, wy tredde wurden binne. Likegoed SUPER! En no op nei Heech. Moarn hearre wy by it Palaver (de wedstriidbesprekking) oft de wedstriid fan saterdei ynhelle wurdt. Dat soe dan betsjutte dat wy moarn yn Heech twa kear oan ‘e bak moatte: om tsien foar tsienen en tsjin fjouweren. Folgje de webside...
Fokje en Oebele
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »