EA op it tredde plak yn IFKS 2013!
It wie yn ‘e earste rûte daliks fan halem! By it oansilen fan ‘e boppeste tonne negearde ‘De Jonge Rein’ de bakboard-stjoerboardregel en rekke ús doarpsskûtsje op de bakboard efterkant: in stevige dûk wie it gefolch en dus de protestflagge yn ’t want. Foar it ferrin fan ‘e striid om de kopposysje hie dat gjin gefolch om’t ‘De Jonge Jan’ (Jelle Talsma), ‘Striidber’ (Siebo Zijsling), ‘Goede Verwachting’ (Walter de Vries) en ‘Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop) foarop leine en dat soe sa bliuwe. Skipper Geale slagge deryn om as fyfde oer de finish te kommen. Yn it lêste foardewynse rak hie er de protestflagge fuorthelle...
De omstannichheden foar dizze wedstriid yn ‘e Lemsterbaai wiene ideaal, want de tanimmende westewyn – oant sa’n 5 Bft – jage de bewolking dy’t om healwei twaën noch in snjitter reinwetter brocht, fuort. De sinne kaam dertroch en sa waard it foar it grutte tal Eastermarders, de skatting wie in dik 100 doarpsgenoaten, in prachtich tafriel.
De op-en-del-baan moast fiif kear ôflein wurde en de ûnderwynse tonnen (‘gate’) leine flak by it publyk. Dat koe benammen yn de earste twa rûtes tsjûge wêze fan fleanend spannende situaasje by it nimmen fan dy ‘gate’. Sa spannend dat dyselden dy’t noflik op klapstuoltsjes of yn ’t gers sieten, oereinkamen om mar neat fan de skûtsjestriid te missen. De twadde rûte kaam ‘it doarp Eastermar’ as sechsde om dy ûnderste tonne en koe doe ridlik frij en goed skerp in eigen koers farre rjochting polderdyk. Dy slach soarge foar it werom feroverjen fan it fyfde plak by de boppeste tonne. Yn de tredde rûte waard deselde loop makke en doe skodde skipper Geale mei syn bemanning de beide skippen dêr’t er al twa rûtes mei yn gefjocht wie – ‘Eelkje II’ (Jeroen de Vos) en ‘Singelier’ (Wietse Bandstra) – fan him ôf.
Ek twa oare konkurrinten foar de boppeste plakken koene op ôfstân hâlden wurde: ‘Ut en Thús’ (Henk Regts) moast yn ‘e earste rûte it túch delhelje fanwege malheur, mar koe achteroan wol trochsile; ‘Lytse Lies’ (Tony Brundel) kaam de hiele wedstriid net tichterby as it njoggende plak. By de finish waard ‘De Jonge Jan’ as earste noteard, dêrnei ‘Goede Verwachting’, dan ‘Wylde Wietse’ en as fjirde ‘Striidber’. Us mannen en froulju einigen as fyfde. De algemiene einklassearing jout oan dat Sikke Heerschop kampioen 2013 wurden is, op ’t twadde plak Jelle Talsma en... tredde wie Geale Tadema mei ‘it doarp Eastermar’! Profisiat en hulde!
De feestlikheden baarnden pas echt los doe’t de skûtsjes yn ‘e Lemster binnenhaven teplak leine. Fan ferskillende kampioenskippen en promovendi sprongen bemanningen fan klearbare wille yn ‘t wetter en in Koudumer dweilorkest soarge foar in geweldige sfear. Ek dêryn spilen ús doarpsgenoaten net swak by. De tusken de fleurige Eastermarders stappende wethâlder Doeke Fokkema seach him de eagen út.
Sjoen de emoasjes dêr’t de bemanning fan ús doarpsskûtsje de ôfrûne wiken mei te kampen hie, sil de ynkomst sneintemiddei om 17.00 oere op in sobere wize plakfine. Eltsenien is dêrby fan herte wolkom.
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »