De útsetter
Op de Lemsterdyk, dêr’t de wyn skifte tusken noardwest en noardeast, moast gâns in ploech Eastermarders in lyts healoere wachtsje op de start fan har favoriten. De wedstriidorganisaasje wie ek bot mei de wikseljende wynrjochting oanklaud, mar keas úteinlik foar in Olympyske baan mei de boppeste tonne oan ‘e kant fan it ir. Woudagemaal.
De spanning om dizze wedstriid hinne hie benammen te meitsjen mei de posysjes fan de toppers yn it algemien klassemint nei de útslaggen fan juster. Spitigernôch spile ‘It doarp Eastermar’ dêr gjin rol yn. Fansels gienen Geale en syn ploech der noch foar om in bettere klassearring te heljen. En dat slagge yn it begjin fan dizze wedstriid osa goed, want nei de start kaam ús doarpsskûtsje as 4e om de boppeste tonne. Dizze moaie posysje koe yn ‘e folgjende krúsrekken net fêsthâlden wurde, benammen om ’t én ‘Grutte Pier’ én kampioenskandidaat ‘Jonge Jasper’ de oanfal ynsetten. Yn it foarlêste krúsrek krige ús skûtsje it oan ‘e stok mei ‘Jonge Jasper’ en dat wie sadanich dat beide skippers de protestflagge yn ’t want setten.
Yntiid wienen ús doarpsgenoaten op ‘t 6e plak belâne en hienen se klauwen om dat oant de finish sa te hâlden. Dy finish lei nei fiif rûtes yn it foar-de-wynse rek en ‘Lytse Lies’ kaam as earste oer de streek. Mei dit resultaat koe skipper Tony Brundel foar de sechsde kear de kampioenstitel op syn namme skriuwe: in rekord yn ‘e IFKS-skiednis. Uteinlik besylde ‘It doarp Eastermar’ hjoed in 7e plak en helle dêrmei wol de doelstelling fan ‘e dei: klimme yn it algemien klassemint.
Nei dizze prachtige IFKS-wike kaam 'It doarp Eastermar' as 6e út de striid.
Snein yn 'e neimiddei om sawat 17.00 oere komt it skûtsje oan op de Komerk.
Wat aardichheidsje oer it skûtsje en de sosiale media:
Skûtsje Ea hat op dit stuit 499 folgers op Twitter en 670 freonen op Facebook.
Op Facebook hienen wy in totaalberik fan 16.111!
Alle folgers en freonen tige tank foar it 'delen, retweeten en liken'.
Palmares IFKS:
2007 2e plaats C-klasse IFKS
2008 2e plaats B-klasse IFKS
2009 16e plaats A-klasse IFKS
2010 3e plaats B-klasse IFKS
2011 11e plaats A-klasse IFKS
2012 4e plaats A-klasse IFKS
2013 3e plaats A-klasse IFKS
2014 4e plaats A-klasse IFKS
2015 6e plaats A-klasse IFKS
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Klaas Jansma/Eastermar
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »