Lykas yn it foarige ferslach sketst waard, wie de spanning foar dizze finalewedstriid op ‘e Lemster baai om te snijen. Mei seis kânshawwers op de kampioenstitel en sa’n acht skippers dy’t it degradaasjespoek oan board hienen. In punteferskil fan neat tusken de boppeste fiif yn ’t algemien klassemint, makke ek de – yn grut oantal oanwêzige – Ea-supporters op de dyk ‘un peu nerveux’. De doarpsflaggen en de Ea-strânflagge droegen by oan it goede ‘klupgefoel’.
Om krekt healwei trijen klonk it startskot foar dizze lêste A-klasse-wedstriid. Dat der start wurde koe wie eins al in lyts wûnder om’t earder op de dei de oare klassen ôflast wienen fanwege te min wyn. De wyn hie yn ‘e earste rûte in hiel neidielige ynfloed op de koers fan ‘it doarp Eastermar’. Nei in goede start, sa goed dat it derop like as soe ús doarpsskûtsje op in twadde plak de boppeste tonne besile, liet in wynskifting dat loftkastiel yn reek opgean. In tolfte posysje wie ús diel...
Om’t Merijn Olsthoorn (‘Emanuel’) – klassemintslieder – gjin lêst fan dit waarsferskynsel hie, as earste om de boppetonne kaam en fierder frij sile koe, ferfleach ek de hoop op it kampioenskip foar de Eastermarders. Ek de nûmer twa, Jaap Hofstee (‘It Swarte Wief’), lei te fier foar om noch benei te kommen.
Doe’t it fjild wat fierder útmekoar kaam te lizzen, wie it foar de Ea-bemanning mooglik om noch in tal tsjinstanners yn te heljen. Se sylden fan dat tolfte plak nei in achtste en wisten Arend Wisse de Boer (‘Drie Gebroeders’), in konkurrint foar it tredde plak yn ‘e einklassearring, achter har te hâlden. Lykwols lei yn ’t lêste rak nei de finish Jeroen de Vos (‘Eelkje II’) trije plakken foar op ús doarpsskûtsje.
Op de finish waard dúdlik dat dizze situaasje der de oarsaak fan wie dat ús Ea-ploech yn it einklassemint krekt fan ‘t poadium dondere. ‘Eelkje II’ en ‘it doarp Eastermar’ hienen likefolle punten, mar Jeroen de Vos hie oer de hiele wike rekkene krekt wat bettere papieren.
Dochs kinne wy as Wâldpiken werom sjen op in tige slagge IFKS-sylwike. In tredde plak ‘ex aequo’ is in prima resultaat. Eltsenien dy’t de wedstriden folge hat sil ûnthâlde hoe fleanend spannend it gehiel wie en hoe wûnderbaarlik de waarsomstannichheden bytiden wienen.
Al mei al kinne wy grutsk wêze op de mannen en froulju oan board fan ús doarpsskûtsje, dy’t op treflike wize Eastermar dizze dagen osa posityf yn ’t nijs brochten.
Toppers!
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Webshop ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’
Beste liefhebbers van ons machtig mooie dorpsskûtsje. Een tijdje terug hebben wij onze gloednieuwe w... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2024
Schade bij skûtsje Ea geïnventariseerd na aanvaring tijdens IFKS
Foto: Thomasvaer fotografie Na de heftige aanvaring van ons skûtsje in de afsluitende wedstrijd van... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 oktober 2024
Schade bij skûtsje Ea geïnventariseerd na aanvaring tijdens IFKS
Foto: Thomasvaer fotografie Na de heftige aanvaring van ons skûtsje in de afsluitende wedstrijd van... Fierder lêze »