De Lemmer 1 is tradisjoneel de dei dat sponsors fan it Eastermarder skûtsje wolkom binne op it folchskip 'de Gulden Belofte'.
De dei begûn op De Lemmer sadwaande hiel fleurich en gesellich. It klassemint seach der fantastysk út, it waar koe hast net moaier en der stie in prachtich koeltsje yn de Lemster baai. Op it strân stiene ek in protte Ea fans te sjen. Fol goeie moed swaaiden alle sponsors en oare oanwêzigen it skûtsje en bemanning út; de seilen omheech en op nei de start.

Mei kikers en fototastellen waarden alle hannelingen fan it skûtsje folge. It grutseil gie 15 minuten foar de start noch even nei ûnder om wat stroppen oan te passen mar keurich op 'e tiid lei de Ea foar de startline. It like der doe op dat Eastermar geweldich út de start weikomme soe. It startskot foel mar fuortendaliks waarden der op it startskip sinjalen jûn dat der in skip te betiid oer de line wie.
Op it folchskip, it strân en thús, eltsenien hearde Gjalt de Jong op 'e radio roppen dat it Eastermar wie dy't te betiid oer de line wie. Men koe op it folchskip op dat stuit de prik yn 'e kola blupjen hearre, sa stil wie it dêr. Want wylst seach men nammentlik it Eastermarder skûtsje mei faasje nei foaren brûzjen. "Sjit, sy hawwe net yn de gaten dat sy werom moatte", rôp der ien. "Nee, sy witte it wol mar kinne der net tusken wei", rôp in oar. En einlings draaide it skûtsje en moast trije-, fjouwerhûndert meter werom sile om op 'e nij oer de startline te farren en te starten. Noch gjin 5 minuten wie de wedstriid los en Eastermar lei op in allerlêste plakje, mei dêrtusken in enoarm gat op nûmer 15. As lêste gie de Ea om 'e boppeste tonne op wei nei de 'gate' fan de op-en-del-baan.
Hoe't de bemanning him fielde, dat koene alle oanwêzigen op de folchboat har wol yntinke, want de gesellige stimming wie op dat stuit even fuort.

ifks-lemmer1-1

Ien rûte letter siet de stimming der wer hielendal yn. Want it wûnder wie bard: de Ea lei nei wat tûke slaggen al wer op in alfde plak! Ja, jo lêze it goed: yn ien rûntsje! It skip rûn en brûsde en sylde alwer oan de achterein fan de middenmoat. As dat sa trochgean soe kamen der wer kânsen!

Mar sa hurd en maklik as yn it earste rûntsje, nee, sa maklik gie it net mear. Oanfal op oanfal om foarby de 'Eelkje' en tichterby de 'Ut en Thús' te kommen dy't dêr wer foar siet. Mar twa rûtes lang slagge it net, wat skipper Geale ek besocht.
Mar de Ea wist net fan opjaan en te deale, dêr yn dat lêste krúsrek slagge it wol en moasten én de 'Eelkje'  én de 'Ut en Thús' achter de Ea del. In enoarm applaus klonk fan it folchskip oer it wetter by De Lemmer.
Wie de wedstriid doe dien? Nee, want op wei nei de finish yn it lêste stik foar de wyn bedrige Eastermar ek noch de 'Grytsje Obes'  mei Romke de Jong oan it helmhout en kaam hieltyd tichterby. Foar de GO kaam de finish lykwols krekt op 'e tiid. De GO  as achtste en skot op skot 'it Doarp Eastermar'  as njoggende oer de streek. Petsje ôf!

Op 'e weromreis hat it skûtsje noch even it startskip oandien om ferhaal te heljen. Falsk starte, okee, dat kin gebeure, mar wêrom binne de Eastermarders net fuortendaliks warskôge sa't dat by Tony Brundel ôfrûne wike wol barde? Doe kaam der ommers fuortendaliks in boatsje del om te warskôgjen… En, om't der safolle skippen yn ien line foar it startskip sylden, wie it foar Eastermar dreech om te sjen oft de toetersinjalen foar de Ea bestimd wiene. En dêrom duorre it dus sa lang ear't it skip reagearre en draaide. Mar op it startskip wie men derfan oertsjûge dat Eastermar it al yn de gaten hie "omdat men ien fan it foardek nei achteren rinnen seach".
Hawar, men kin der lang of koart op omstinne, it bleau in tige moaie silerij en sa't ien fan de sponsors, dy't de wedstriid folsein folge hie, it gearfette: "Sy binne njoggende wurden, mar kwa silen hawwe sy de earste priis!"

Mar no, hoe komt it no mei it klassemint? Wy steane op dit stuit op in fjirde plak mei 19 punten. Teoretysk kin Eastermar moarn noch kampioen wurde, mar dan moat Sikke Heerschop mei syn 'Wylde Wytse'  wol hiel nuvere en wylde dingen dwaan… Lykwols, it ferskil mei nûmer trije en twa is mar 0.2 en 1 punt. It is dus saak om op De Lemmer 2 Jelle Talsma en Tony Brundel achter de Ea te hâlden en dan is Eastermar twadde! Mei oare wurden: it wurdt moarn in hiel, hiel spannende striid!

Slagget it en stiet Eastermar moarn yn 'e top trije, dan sil der snein om 17.00 oere in yntocht wêze by de Komerk. Op passende wize sil it skûtsje dan ynhelle wurde. Hâld dizze side yn 'e gaten foar nijs op dit mêd! R.V.

lemmer1

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: