It kin hast net oars of de loop fan de bemanning op tiisdeitejûn nei de feesttinte by Sleat en it genietsjen fan de rêstdei woansdei ha in positive ynfloed hân op ús Ea-skûtsjeploech: de start op ‘e Tsjûkemar hjoed gie goed, it silen mei ôfflaujende wyn slagge better en it earder finishjen as de klassemintslieder wie hiel knap.
Der wie lykwols wol twa kear in start foar noadich, want ek no wer wienen der by de earste start in hiel stel skippen te gau oer de startline. Oan de iene kant wie dat spitich foar it doarp Eastermar, want dy start foel foar ús doarpsskûtsje hiel goed út, mar ja, ál dy oaren fout en dus ‘in algehele terugroep’ foar de hiele float. By de twadde kear hong de readwite flagge út op it startskip en dat betsjut dat as der wer ien te gau oer de startline giet, dyselde fuortendaliks diskwalifisearre wurdt.
Foar skipper Geale en syn bemanning pakte dy twadde start sa goed út dat hja as twadde by de boppetonne kamen. Sy moasten Sterke Jerke (Pieter Jilles Tjoelker/Earnewâld) foargean litte. By it folgjende foar-de-wynserek nei de ‘gate’ koe dat plak fêsthâlden wurde. Yn it krúsrek ‘omheech’ waard besocht – mei in pear kear troch de wyn te gean – de goede wynfleagen te pakken. Soks nimt ekstra tiid en soarge der foar dat Redbad (Wietse Bandstra/Warkum) earder by de boppetonne kaam. Dus in tredde plak by dy tonne. Dat wie ek de posysje wêrmei’t de finish oersyld waard.
Mei dit moaie deiresultaat – in poadiumplak – koe der entûsjast mei de Fryske flagge yn ‘e mêst lâns de supporters op ‘e wâl fearn wurde koe. In prachtige aksje en dy smiet in grut applaus op! Troch de resultaten fan in tal oare ‘konkulegaskûtsjes' komt it doarp Eastermar no út op in 4e (!) plak yn it algemien klassemint. Mar… der rint noch in protest fan Tony Brundel tsjin de pleatslike kommisje en dat wurdt moarn pas útiten.
Moarn binne de sponsors te gast op folchskip De Gulden Belofte en wurdt it dus yn meardere opsichten in spannende dei by de silerij yn de Lemster Baai.
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Webshop ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’
Beste liefhebbers van ons machtig mooie dorpsskûtsje. Een tijdje terug hebben wij onze gloednieuwe w... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2024
Schade bij skûtsje Ea geïnventariseerd na aanvaring tijdens IFKS
Foto: Thomasvaer fotografie Na de heftige aanvaring van ons skûtsje in de afsluitende wedstrijd van... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze »