Sile yn ‘e achterein, ’t bliuwt wennen

DSCF6685

As it op ‘e startline in drokte fan jewelste is en by de yndringtonne de boel blokkeard wurdt, is it osa ferstannich en nim dêr wat ôfstân fan. ‘It doarp Eastermar’ die dat en kaam dêrtroch wat let oer de startline. Dêr die bliken dat fan dizze situaasje ek foardiel te heljen is en dat dienen de ‘Lytse Lies’, ‘Jonge Jasper’ en ‘Emanuel’.

DSCF6606

Op syn thúswetter pakte 'Lytse Lies'-skipper Tony Brundel daliks de kop en joech dy net mear út hannen. Hy koe oanfallen fan Froukje Osinga-Meijer fan de ‘Jonge Jasper’ goed ôfslaan en hâlde ek ‘De Jonge Jan’ fan Jelle Talsma op ôfstân.

Yn ‘e achterein die ús doarpsskûtsje alle war om de oprûne achterstân fan de start yn te heljen. By dat stribjen waarden se wol wat holpen troch in hurde konfrontaasjes tusken foarlizzende skûtsjes. Skipper Geale Tadema en syn ploech hâlden har dêr fier fan en rûnen sa ek net it risiko it wedstriidwetter ferlitte te moatten. Dat lot trof ‘De Zes Gebroeders’ – de winner fan juster – wol. Stadichwei koenen de Eastermarders fan plak 12 ynrinne nei it 10e en úteinlik 8e plak.

DSCF6690

Yn de lêste meters foar de finish waard der noch fûleinich om dat 8e plak striden mei Jeroen de Vos syn ‘Eelkje II’ en foelen de finishskotten mei in tuskenromte fan mar ien sekonde. Foarearst hâlde wy it dus mar op it 8e plak.

uitslag klassement heech

Moarn nei de Sleattemer Mar.

DSCF6546

Middeisbrochje foar de bemanning

DSCF6551

Timme Koudstaal, ús nije trimmer

DSCF6552

Foar fertrek oerlis yn de spielende rein

DSCF6560

Op it folchskip ek in sop-en-bôlemiel foar de gasten en oanhing fan de bemanning. En in skûtsjepool ûnder tafersjoch fan Jildau Zweering

DSCF6562DSCF6575

Op nei de ôffeart, op 'en paad holpen troch de byboat fan 'De Gulden Belofte'

DSCF6578

Hjoed gjin gebrek oan fotografen

DSCF6588

De start fan Ea wie net sa gelokkich

DSCF6594

Dêrnei striid om elk heger plak

DSCF6599

By de hege tonne der boppe-op yn 'e achterfolging

DSCF6606

Der wie in op-en-del-baan útset mei twa 'gates'; hinne heech oan 'e wyn en werom foar de wyn

DSCF6627

Sa as alle jierren in moaie sportive striid mei Sikke Heerschop

DSCF6629

De 'Lonneke'-bemanning is dúdlik oanslein nei't de Makkumer 'Zes gebroeders' in oanfarring feroarsake

DSCF6659

Oan 'e ein noch hieltyd op 'e siik nei in heger plak

DSCF6665

Ea foar de Yndyk by Wâldsein dêr't de striid ek goed te folgjen wie

DSCF6673

Letterlik yn tsjokwaar by de hege tonne

DSCF6711

Mirthe (dochter fan Geale en Ineke) folget de striid oandachtich

DSCF6735DSCF6737DSCF6745

Oankomst mei mingde gefoelens: it hie better kinnen mei in bettere start. Nei ôfrin kontrôle fan de technyske kommisje fan de IFKS

DSCF6757

Neisit bemanning mei famylje en gasten

Tekst: Wijbe Postma

Foto's: Rob Krimpenfort

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: