By in wynkrêft 5 út it westen begûn ‘it doarp Eastermar’ op ‘e Iselmar by Hylpen oan syn earste IFKS-wedstriid fan 2016. De stie in fikse deining en ûnder dizze omstannichheden moasten ús mannen en froulju oan ‘e bak. It waard in oantreklike silerij foar bemanning én publyk, mei in 7e plak yn ‘e einklassearring.
Yn de earste rûte kaam skipper Geale Tadema as 9e by de boppeste tonne. Foar de wyn rûn it skûtsje ‘as in trein’. By de ûnderwynse gate keazen de Eastermarders foar de bakboardtonne en gienen achter de ‘Striidber’ (Siebo Zijsling) en ‘Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop) oan. Yn dat krúsrak waarden der trije skûtsjes ynhelle, sadat by de twadde rûning fan ‘e boppeste tonne in 6e posysje ynnaam waard.
Foar de wyn werom nei de ‘gate’. Yn dy loop helle ‘it doarp Eastermar’ de ‘Wylde Wytse’ yn en it rekke dat skip krekt mei de opstekker: strafrûntsje! Mei as gefolch dat fjouwer oare skûtsjes ús favoriten foarbyfearen. Dus de fjirde rûte yn as 12e. Dat úteinlik finisht waard op plak 7 mei in prestaasje fan formaat neamd wurde.
De fleurige konklúzje fan ien fan ‘e bemanningsleden wie dan ek dat ‘it doarp Eastermar’ troch yn ’t begjin trije plakken te winnen en nei it strafrûntsje nochris fiif yn te heljen, útroppen wurde mocht ta ‘meast striidlustich skip’.
foto's makke troch: Lucas Steunebrink (www.lucassteunebrink.nl)
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 oktober 2024
Schade bij skûtsje Ea geïnventariseerd na aanvaring tijdens IFKS
Foto: Thomasvaer fotografie Na de heftige aanvaring van ons skûtsje in de afsluitende wedstrijd van... Fierder lêze »