Striid by Starum
De wedstriidlieding hie op ‘e Iselmar by Starum keazen foar in olympyske baan. Dy wurdt fersyld yn de folchoarder ‘appelflap-woarst-appelflap-woarst’ ensfh, wat sizze wol, dat der earst in trijehoek ôflein wurde moat, dan in op-en-del-baan-heale-wyn en dêrnei wer in trijehoek.
Soks frege fannemiddei, mei in wyn dy’t nochal skifte tusken súdwest en noardwest, oanpassingen yn ‘e rûtes en dat joech flink wat sleperij mei tonnen.
Sadwaande koenen der by it besilen fan ‘e boppetonne foar it doarp Eastermar hiel ferrassende folchoarderwikselingen noteard wurde. Yn de earste rûte wie der in hoopjaand 4e plak, mar dat waard yn ‘e twadde rûte samar in 12e posysje. De rûte dêrnei kaam ús doarpsskûtsje as 9e troch. Skipper Geale Tadema en syn bemanning gienen úteinlik as 11e oer de finish.
Tefreden hjirmei? In dúdlik ‘NEE’ kaam nestor Hendrik Tadema oer de lippen, mei de tafoeging dat dit resultaat hooplik op ‘e ein fan ‘e wike as ‘ôflûker’ ynbrocht wurde kin.
Dy hoop ha alle skûtsjefreonen hjir yn Eastermar ek. Want sy witte dat skip en bemanning better kinne…
Foto: Klaas Jansma
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 oktober 2024
Schade bij skûtsje Ea geïnventariseerd na aanvaring tijdens IFKS
Foto: Thomasvaer fotografie Na de heftige aanvaring van ons skûtsje in de afsluitende wedstrijd van... Fierder lêze »