It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse

Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan dizze silerij yn ‘e Lemsterbaai. De spanning wie fielber by de supporters fan ús doarpsskûtsje. Sy moasten in dikke reinbui trochstean en mei noed oansjen hoe’t it doarp Eastermar by de start klem kaam te sitten tusken in grut tal oare skûtsjes. Mei as gefolch in ekstra rûntsje om in protest tsjin har foar te kommen. En doe moasten de fans konstatearje dat de Ea as lêste by de boppetonne kaam...

Wat dêrnei op ‘t wedstriidwetter barde, wie eins wûnderbaarlik. Yn it rek nei de lege tonne sylde skipper Geale rom om de oare skippen hinne, sadat er gjin hinder hie fan har ‘útskiten wyn’ . By dy ûnderwynse tonne rekke de Ora et Labora fêst oan dy tonne en sleepte him ûnbedoeld yn in – foar ús ploech – geunstiger posysje. Geale tocht: ‘Tige tank’, en pripte syn skip mei gong troch de ûnstiene romte. Mei dy aksje skeat it doarp Eastermar fan plak 16 nei 9!
Soks wie noch nea fertoand en it pikefel stie dan ek by de Eastermarder oanhang op ‘e earms. Wa doart no noch te bewearen dat der by it skûtsjesilen gjin sensaasje te belibjen is?

Dêrnei wie der mear romte foar ús ploech om noch in pear skippen yn te heljen en úteinlik kaam it doarp Eastermar as 6e oer de einstreek. Dit knappe resultaat feroare neat oan it 11e plak yn it algemien klassemint. Mar dy posysje betsjut lykwols wol dat Eastermar him hanthavenet yn ‘e grutte A-klasse. De kampioen dit jier is Sikke Heerschop mei it skûtsje Ingelskman.

IMG 3354
De Ea krekt foar de hoasbui op Lemmer

IMG 3351
Ea fananaten hawwe de stân op papier om sa it firtuele klassemint op elts stuit útrekkenje te kinnen

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: