Bysûnder, bysûnder, bysûnder
It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankundiging wie dat de grutte A-klasse twa wedstriden sile soe - dy fan juster moast ynhelle wurde - mar dat waard der úteinlik mar ien by gebrek oan wyn oan it begjin fan 'e middei. De wenstige starttiid is 14.30 oere, mar dat waard hjirtroch 16.30 oere. Under it finishen fan de lytse A-klasse starten de grutte A’s twa kear falsk en waard in ‘algehele terugroep’ útjûn. Pas doe’t de swarte flagge (= wa’t no wer falsk start is dalik diskwalifisearre) yn it startskip hongen waard, giene de skippen echt los. Doe't ek noch bliek dat fiif dielnimmers te gau wiene – wêrûnder kampioenskandidaat Sikke Heerschop – moasten dy it wedstriidwetter ferlitte.
By de goeie starters wie gelokkich it doarp Eastermar en sy kamen as 7e by de boppetonne. In moaie posysje, benammen omdat in pear neiste konkurrinten der dêrnei pas omhinne sylden. Yn ‘e rin fan ‘e wedstriid helle ús doarpsskûtsje noch twa oare yn. It like der dus op dat de Eastermarders op in 5e plak einigen. Lykwols wiene der noch protesten dy’t behannele wurde moasten. It resultaat dêrfan wie dat skipper Geale mei syn bemanning úteinlik op plak 4 yn ‘e dei-útslach telâne kamen. In hiel knap sylresultaat!
De sponsors fan de Stichting It Eastermarder Skûtsje (SIES) wiene hjir ek tige wiis mei en ûntfongen de bemanning by it oanlizzen oan it folchskip mei in osa fertsjinne applaus.
Foar it algemien klassemint hiene de oare protesten ek noch in posityf gefolch foar it doarp Eastermar. De útkomsten fan dy protestbehannelingen makken dat it 14e plak ferlitten wurde koe en ús ploech no op plak 9 stiet. Sa’t dizze wike al earder sein waard: it linker rychje (= de boppeste 8 plakken) bliuwt yn sicht.
Dat sil Lemmer 2 saterdei útwize...
Update: nei it tawizen fan in tal protesten tsjin de wedstriidkommisje is de deiútslach foar de Ea in sechde plak wurden en yn it klassemint stiet de Ea no op nûmer 12.
Byld: Skydrone Sloten
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »