Wol starte mar gjin wedstriid
Der wie tongersdeitemiddei daliks al twivel oer it trochgean fan de wedstriid foar de grutte A-klasse. De lytse A-klassesilerij wie healwei al ûnderbrutsen omdat der te min wyn stie. Dêrboppe-op kamen der berjochten oer tongerbuien dy’t op kommendewei wiene en dat der miskien ek dikke pûsters oer de Tsjûkemar fleane soenen...
Dochs lei de organisaasje tusken kertier oer twaën en healwei trijen in olympyske baan yn ‘e mar. En om presys healwei trijen gienen de sechtsjin A-skûtsjes mei in korrekte start los. Der wie wyn en de boppetonne koe dus besyld wurde. Dat die it doarp Eastermar op treflike wize en kaam der as 3e skip omhinne. Dat joech perspektyf op in moai resultaat!
It wie as waard der earne yn ‘e loft in knop omdraaid, want de wyn foel folslein wei. Om kertier foar trijen waard mei in flachsinjaal oanjûn dat de wedstriid ûnderbrutsen waard. En tweintich minuten letter waard bekendmakke dat dizze wedstriid foar de grutte A’s definityf staakt waard. Sjoen de goeie start en de hoopbiedende ynnommen 3e posysje in soer beslút foar skipper Geale Tadema en syn ploech.
Hawar, freed of saterdei miskien in ynhelwedstriid en dus twa kear sile op ien dei….
Moed hâlde!
Byld: Omrop Fryslân
Foto: Klaas Jansma
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze »