Karûsselsilerij op 'e Sleattemer Mar
De olympyske baan dy’t der by Sleat op ‘e Mar ynlein wie troch de organisaasje, wie foar de skippers net botte útdaagjend en de westriid rûn dan ek út op in achter-mekoar-oan-silerij. Wa’t goed út ‘e start kaam, lei foar en bleau dat de hiele wedstriid. Dy start ferrûn foar it doarp Eastermar no krekt min: ús doarpsskûtsje waard opsletten troch oare dielnimmers… Om dêr los fan te kommen wie risikofol, mei evt. protesten fan oaren en dan in mooglike diskwalifikaasje. Skipper Geale Tadema weage dat mar net en sa kamen hy en syn bemanning yn ‘e earste rûte as 13e om ‘e boppetonne. Lykas boppe beskreaun, wiene der gjin kânsen op in posysjeferbettering, dat ek by de finish wie it 13e plak har diel.
By trije oare skûtsjes wapperen protestflaggen oan ‘e stagen en de útkomst fan dizze protesten wie dat yn ‘e dei-útslach it skûtsje Ut ‘e Striid ûnder ús Ea-skip út kaam. Sadwaande dus by Sleat in 12e plak en yn ‘t algemien klassemint (mei ôftrek fan it minste resultaat) in 14e plak.
Der binne noch 3 wedstriden te gean – tongersdei Ychtenbrêge en freed/saterdei Lemmer 1/2 – en dus noch alle kâns om te klimmen yn ‘e rangskikking.
Foto: Klaas Jansma
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »