De goaden fersykje...

Dat hie fansels nea wêze moatten: yn it ferslach fan juster melde dat der noch hieltiten gjin protestflagge lutsen wie troch it doarp Eastermar. Dat wie 'de goaden fersykje', want dêr wie ’t hjoed al sa! En… it protest waard net takend, dus 16 punten oan ‘e kont. Ien treast: se meie as ‘minste wedstriid’ ôflutsen wurde.

It begjin wie nei de start wakker moedjaand: op in 5-de plak troch it earste krúsrak fan ‘e Olympyske baan (‘appelflap-worst-appelflap-worst’) mei in stjoerboardslach op de boppetonne oan. In grut tal oare skûtsjes kaam dêr lykwols oer bakboard oan en moasten foarrang krije fan ús ploech. Dat hie ta gefolch dat it 5-de plak samar it 14-de wie by it begjin fan it healwynse rak. Yn ‘e folgjende rûtes waard der troch tûk silen in grut tal skippen ynhelle en kaam de Ea op in 7-de plak terjochte.
Dêrby sylde it doarp Eastermar wol yn ’t middenfjild en dêr wienen der fansels mear fan. Under oaren Grytsje Obes mei skipper Arjen de Jong. Mei dit skûtsje ûntstie in konfliktsituaasje by de boppeste tonne en dat wie reden foar skipper Geale Tadema om de protestflagge yn ‘e staach te knoopjen. Letter yn ‘e wedstriid moast troch ús doarpsskûtsje in strafrûntsje draaid wurde. Sadwaande waard de finish as 8-ste helle. De winner fan hjoed wie deselde as juster: Waaksdom (Ulbe Zwaga).

It resultaat fan hjoed soarget derfoar dat it doarp Eastermar no yn it algemien klassemint op it 8-ste plak stiet. Moarn en saterdei binne de wedstriden op ‘e Lemmer. Mei as ekstra bysûnderheid dat nei alle gedachten de ôfseine wedstriid fan tiisdei by Sleat moarn ek noch syld wurde sil. Dus twa grutte-A-klassewedstriden yn ‘e Lemster baai.

R2

r3

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: