De skrik wie grut by de Eastermarder skûtsjebemanning, de supporters op ’t folchskip en Ea-folgers op ‘e wâl doe’t dúdlik waard dat skipper Geale Tadema oerboard slein wie. Yn in gaoatyske situaasje by de boppetonne - nei it earste krúsrek - fear de Drie Gebroeders (Arend Wisse de Boer) op it roer fan ús doarpsskûtsje. Dêrtroch krige it helmhout sa’n gisel dat de skipper fan it achterdek ôfreage waard en yn ‘t farwetter fan oare dielnimmers kaam te lizzen. Gelokkich wurke it swimfest fan Geale goed en koe de ‘umpire’ him yn feilichheid bringe.
By de start op ‘e Tsjûkemar like ynearsten neat oan ‘e hân. Mei Drie Gebroeders fear it doarp Eastermar skerp en oer stjoerboard op ‘e boppetonne oan. Yn ’t lêste eintsje foar dy tonne kaam Wylde Wytse (Sikke Heerschop) oer bakboard en dus op foarrangskoers ek op dy boppetonne ta. Us doarpsskûtsje koe net oars as foar Wylde Wytse de tonne besykje te heljen, want Drie Gebroeders siet har op ‘e kont. Dat joech dus de boppeneamde oanfarring en ‘man-oer-board-tastân’.
Te priizgjen is de tsjintwurdigheid fan geast by broer Douwe Tadema dy't daliks nei Geales ferdwining fan ’t achterdek it helmhout oernaam en it skip stjoerde. Wol skrik dus mar gjin panyk. Ek de rest fan ‘e bemanning hâlde de kop derby. Nei dit trelit stapte Geale wer oan board, strûpte de wiete brot út, wat drûch guod om ‘e lea, efkes bekomme en doe sylde dizze fantastyske ploech nei in gloarieus earste plak. Wat in middei!
De ûntlading by de doarpsgenoaten en oare Ea-fans wie geweldich doe’t it doarp Eastermar nei de finish by de ‘tribune’ lâns fear om de fans te groetsjen. De jûns wie de spanning noch grut by de behanneling fan it protest dat Sikke Heerschop tsjin ús doarpsskûtsje hie. Troch skipper Geale waard dat protest trochset nei Drie Gebroeders. De proteskommisje akseptearre dat en sa krige dat skip dus 17 strafpunten. Wol donders soer foar Arend Wisse de Boer, want hy hie syn fout daliks erkend en wie sa sportyf om it wedstriidwetter te ferlitten. Sa sjogge je dat sportiviteit en regels net altiten op mekoar oanslute.
De spanning yn ’e top fan it klassemint is no te snijen omdat én Wylde Wytse én it doarp Eastermar op in dield earste plak stean mei 12,9 punten.
Op ‘e Lemmer sil de bûter jild jilde.
Fotoferslach Klaas Jansma (op Facebook)
Besjoch hjir de útstjoering fan Omrop Fryslân mei it wedstriidferslach en ynterviews Geale en Douwe Tadema.
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »