Yn in fjild fan sa’n 40 skûtsjes, ferdield yn fjouwer klassen, is ‘it doarp Eastermar’ dit wykein op Hegemer Mar op in kreas fjirde plak yn it einklassemint einige. Inselde klassearing hellen de Eastermarders yn it sprintklassemint. Dizze resultaten jouwe oan dat de kommende wedstriden mei fertrouwen yn ‘e mjitte sjoen wurde kinne.
De silerij, mei de oansprekkende namme ‘Slach om Heech’, waard saterdei en snein hâlden. Der waarden beide dagen trije wedstriden fersyld. Op saterdei helle ús doarpsskûtsje twa kear in tredde plak. De bemanningen moasten in, foar har nije, baan sile mei in ‘inner- en outerloop’ (útsprekke op syn Ingelsk). By de twadde wedstriid hienen hja te krijen mei averij – de fokkefal knapte stikken – en moasten hja de wedstriid ferlitte. Op snein besylde Geale mei syn bemanning in sânde en twa kear in tredde plak.
Mei dizze útslach yn ‘e achterholle wurdt de Fryske Olympiade fan kommende saterdei by Burgum op ‘t Djippe Gat ofwol Wide Ie mei spanning yn ‘e mjitte sjoen.
Dus allegearre hinne, Eastermarders!
Mear foto's op de Facebook pagina fan Slach om Heech
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »