Nei in earste falske start wie it undúdlik hoe’t de 'Ea' der foar lei. De measte skûtsjes starten oer bakboard mar Geale Tadema keas foar stjoerboard en moast achter in tal skûtsjes del. Hoe soe dat útpakke?
Pas by de boppeste tonne waard dúdlik dat de kar hielendal net sa raar útkaam. Nei‘t oerstach gean kaam Eastermar oer bakboard as fjirde by de tonne út. En it wie noch mar justjes nei dizze tonne of nr. 3, Galamadammen, waard pakt. Tredde dus!
Ta fernuvering fan it publyk seach men de Jonge Rein (Erik Jonker), dy ‘t oan kop gie, it wedstrydfjild ferlitten. It die bliken dat se te betiid oer de startline syld hiene, net op ’e nij start wiene en wannear’t jo dan trochsile, dan moatte jo de konsekwinsjes nimme en is it better it wedstrydfjild te ferlitten. Dus mei tank oan de Jonge Rein lei it Doarp Eastermar doe op twadde posysje.
It gat mei nr. 3, Starum, waard hieltyd grutter mar om de nr. 1 oan te fallen, Sikke Heerschop, dat foel net ta, ek al die Geale Tadema en syn bemanning der alles oan om tichterby te kommen. Mar dan de lêste rûte fan de trijehoeksbaan: dêr wie de 'Ea' even te fûl en waard, ûnnedich, de tonne rekke. Gau in strafrûntsje meitsje. It gat mei nr. 3, Starum, wie lykwols sa grut, dat de twadde posysje net yn gefaar kaam. En yn de lêste slach foar de finish kaam de 'Ea' dochs noch ferrassend tichtby Heerschop.
Hie dat strafrûntsje no net nedich west dan hiene wy faaks as earste oer de streek kaam, mar dat is achterneipraat. Mei it twadde plak (mei tank oan de Jonge Rein) is Eastermar no al wis fan promoasje! En wa wit, wa wit... want it is moarn mooglik om kampioen te wurden. Dan soe der minimaal ien skip tusken Eastermar, Sieb Meijer (Jonge Jasper) en Sikke Heerschop (Wylde Wytse) sitte moatte wannear ‘t sy oer de streek komme.
Rienk Vlieger
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »