ea lemmerahoy

It skûtsjesylevenemint Lemmer Ahoy dat it ôfrûne himelfeartswykein hâlden waard, makke de bemanning fan it doarp Eastermar net bliid. In 23-ste plak yn ‘e
einklassearring fan 25 dielnimmers yn klasse I wie teloarstellend.

Mar it begûn sa goed mei in tredde plak yn de earste wedstriid op tongersdei. In reedlike start, frij sile yn de earste en iennige rûte (der stie in lytse 3 Bft.) en finishje achter Redbad en Langwar. By de twadde tongersdeiswedstriid rekke ús doarpsskûtsje by it trochkommen fan  de ‘gate’ de tonne en moast der in strafrûntsje draaid wurde… Resultaat: in plak yn ‘e achterein fan it fjild.

De earste wedstriid op freed hie in lyksoartich resultaat. Mar noch foar de start fan ‘e twadde wedstriid fan dy dei wie, troch in Eastermarder ynskattingsflater, in oanfarring mei it skûtsje fan Ulbe Zwaga net foar te kommen en moast skipper Geale Tadema mei in stikkene gyk, mar gelokkich sûnder persoanlike ferwûningen, dy wedstriid oan him foarby gean litte.

Dy freedtejûn is der noch mei man en macht wurke om in ferfangende gyk te pleatsen en dat slagge. Sa koe der saterdeitemoarn mei in wynkrêft 5 dochs start wurde, mar it ûngemak fan de dei dêrfoar en it omslaan fan twa oare skûtsjes hie ek syn ynfloed op de bemanning en hja einigen wer by de lêsten. De twadde wedstriid fan ‘e saterdei waard troch de organisaasje fanwege tefolle wyn ôfblaasd.

Achternei besjoen kin men him ôffreegje oft it ferstannich is om mei safolle skippen (25!) in wedstriid te hâlden, mar dat jildt fansels likegoed foar dyselden dy’t der wól goed trochkomme.

It skûtsje bliuwt foarearst yn ‘e Súdwesthoeke om dêr fierdere treningen ôf te wurkjen.

Wijbe Postma


De start fan de earste wedstryd by Lemmer Ahoy

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: