It wie op de Lemmer in soad. In soad misken op de dyk, in soad minsken op de folgboat De Gulden Belofte en ek in soad falske starten. Om mei dat lêste troch te gean: der hong op it lêst by it startskip in swarte flagge en dat betsjut dat eltsenien dy't te betiid oer de line giet, út de wedstriid moat. Dat witte jo foarôf. Mar der wienen sa'n soad skippen te betiid troch de startline dat de wedstriidkommisje in beslissing naam as nea earder: der kaam in tredde start. Goed foar de wedstriid, mar min foar de Ea. Dy hie twa kear in moaie en dus gjin falske start, mar lei by de tredde start folslein ferkeard. Ûnderyn, útskyten wyn. As ien nei lêste by de earste tonne en dernei in pear slagen dy't net goed útpakten. Wol in pear plakken opskôwd, mar as 11e oer de finish. En dat is wat bemanning en supporters net tocht hienen: oant no ta altiid sa kreas foaryn. Mar it goeie nijs: degradaasje is net mear mooglik. Wy bliuwe yn de A. En moarn op Lemmer 2, wêr wy nei ferliene jier wat goed te meitsjen hawwe, wer folop yn de striid.
Oprop fan de skipper: hy docht syn bêst om snein omtrint 16.00 oere op de Komerke te wêzen foar de yntocht , mar hy kin pas om 9.00 oere troch de slûs fan de Lemmer. It kin dus krekt wat letter wurde yn Eastermar. Mar ach: it is moai waar.
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »