‘Ea’ op ien nei earst
Hjoed sette skipper Geale Tadema mei syn bemanning de toande progresje troch, want hja hellen op ‘e Sleattemer Mar in twadde plak! In geweldige prestaasje, benammen as jo witte dat de start net sa goed wie: ‘it doarp Eastermar’ moast in achttal skippen op ‘e tige drokke startline foargean litte. Nei it earste krúsrak kamen hja as sechsde om ‘e beide boppeste tonnen en by it trochgean fan de earste ‘gate’ wie it sechsde plak al besyld. By dy trochkomst moast keazen wurde foar de stjoerboard tonne, om’t de foargeande skûtsjes de bakboardkant blokkearren.
Dit ûngemak pakte lykwols poerbêst út, want yn it dêrnei kommende twadde krúsrak waard in ynhelslach makke en kaam ús ploech as twadde om de boppeste tonne.
De oanfallen op dy posysje troch de konkurrinten koenen ôfslein wurde en sa einige ús doarpsskûtsje achter de ‘Jonge Jasper’ op in twadde plak. In fantastysk resultaat.
Dêrmei is yn it algemien klassemint de achterstân mei de nûmer twa (‘Wylde Wytse’) ferlytse ta 1,1 punt. Spannend!
Dat ús mannen en frou oan board fan ‘it doarp Eastermar’ net allinnich mar each ha foar de rûte en de tonnen, blykt wol út it feit dat hja de helpende hân biede koenen oan in bemanningslid fan ‘e ‘Wylde Wytse’. Dizze ‘ûnderdaan’ fan ‘e Rotterdamse skipper Sikke Heerschop wie ûngelokkigernôch oerboard rekke. Dat waard opmurken troch ús boys/girl en dy smieten him in rêdingsboei ta. Sa koe er wat rêstiger wachtsje op syn eigen skip dat him wer oppikke soe. In aksje dy ’t nei ôfrin fan ‘e wedstriid beleanne waard mei in kratsje bier dat Sikke Heerschop persoanlik - mei de kompliminten - oan board fan it folchskip brocht.
De wedstriid waard fan it Sleattemer swimplak en it folchskip ôf wer troch in moaie ploech Eastermarders en oare sympatisanten folge. Benammen op it folchskip siet in tal Eastermarders dat fan him sprekke liet: wylst hja wachten op it boatsje dat har oerbringe soe nei ‘De Gulden Belofte’ (it folchskip), bea in tsjinstbere meiwurker fan ‘e bylizzende camping harren kofje oan yn ‘e ferûnderstelling dat it gie om in ploech meiwurkers fan Omrop Fryslân. It moat de mediamike útstrieling fan û.o. Minke Brouwer, Sietse Hollema, Albert Bakker, Mient van Kammen en Hendrik Tadema west ha dy ’t him op dat idee brocht…
Sa sjogge jo mar hokker talinten der yn ús (eks-)doarpsgenoaten ferburgen binne!
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »