Ofrûne winter hat de Stifting 'It Eastermarder Skûtsje' drok dwaande west mei in wynaksje. Dat wie foar de twadde kear en sa liket it der op dat dit in jierlikse tradysje wurdt.
Bemanning en bestjoersleden hawwe yn en om Eastermar hinne by de streek west om bestellingen foar flessen skûtsjewyn op te nimmen en hawwe letter, moai op tiid foar de krystdagen, it bestelde útsutele.
Hoewol 't der guon Eastermarders wiene dy 't de flesse fan 2008 noch te pronk stean hienen, binne der flink wat flessen ferkocht: 1250 stiks! Wat dat oanbelanget wit Eastermar hiel goed út hokker hoeke de wyn komt.
Opbringst
De ferkeap fan al dy wyn hat aardich jild op it kleed brocht. Dat is moai want it doel is dat it skûtsje dit jier mei in nij túch de wedstriden farre sil. Troch de wynopbringsten en de ynkomsten fia sponsors en donateurs kin de stifting garant stean foar twa-tredde fan de kosten. It nije túch wurdt makke by Molenaar fan Grou.
Wie it skûtsje dan oan in nij túch ta?
It ôfrûne jier hat eltsenien sjen kinnen dat it skûtsje net rjocht meidwaan koe yn de IFKS A-klasse. Ien fan de redenen wie it feit dat Eastermar, yn tsjinstelling ta oare skûtsjes, mei in âld túch fear. Dit kaam de prestaasjes net te’n goede, alhoewol't der fansels ek oare redenen oan te wizen binne. In nij túch kin dêr feroaring yn bringe. Dizze oankeap stiet lykwols net garant foar bettere resultaten, dat hawwe wy sjen kinnen oan de degradaasje fan it skûtsje fan Sieb Meijer (Jonge Jasper). Dit skûtsje hie yn 2009 ek in nij túch en in nije mêst.
It kommende seizoen wol skipper Tadema mei syn bemanning der lykwols alles oan dwaan om de wedstriden yn de B-klasse ta in súkses te meitsjen.
Hawwe jo de wynaksje mist mar is der wol ferlet fan nije foarried? Dan kinne jo terjochte by grientespesjalist Hamstra. Jo hawwe de kar tusken read, wyt en rosé.
Tsjoch!
Eastermar hat de wyn wer yn de seilen
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »