Wy binne wer thús op it wetter dêr't ús skûtsje heart: de Burgumer Mar. Mei in fikse pûster denderen wy snein fan de Lemmer nei Eastermar, op wei nei ús supporters. En dy wienen der ek by hûnderten. Ek al spielde it en hienen de minsken fan fanfare Joost Wiersma, de sprekkers, blommeminsken, sjampanjeskinkers en oaren it wetter yn 'e boksen. Tige by tige: wy as bemanningleden waarden der ek figuerlik kjel fan. Ek fan de ôfsluting yn Hotel Meerzigt, mei al dy prachtminsken, de barbecue en muzyk dy't ús nei sa'n wike wer fertroud foarkaam.
Yn 2007 wie it nij en ek oars. Foar it earst op it wetter, foar it earst op it poadium, kloften minsken op 'e dyk. Wy as bemanningsleden seinen tsjin mekoar: it wurdt nea wer as yn ús earste jier, tink der goed om! Wy sille yn 'e B-klasse te meitsjen krije mei fellere striid en ek teloarstellings tsjinkomme.
Dit jier wie yndie oars. It farwetter (en feesttinten!) wienen no bekend en de oare skippers wisten no wa't wy wienen. Koart sein: de folsleine gekte wie der in bytsje ôf. Mar der kaam wat oars foar yn it plak: it Eastermarder skûtsje hat sjen litten dat it derby heart. By de grutte mannen fan de IFKS. Dat kin it skip, dat kin de skipper en dat kinne de oare bemanningsleden. Dêr binne wy dit jier hinne groeid, folle gauwer as wy tochten. Dat groeien gong mei sprongen, mar bytiden ek mei teloarstelling. Grif sille de measten yn de Lemmer mear ferwachte hawwe fan skip en bemanning. Mar Geale hat dat dúdlik ferwurde yn syn tankwurd op de Komerk: "Wy binne al hiel fier kaam en wy leare alle dagen. Jo moatte net benaud wêze en by it meitsjen fan gokjes hearre ek tebeksetterkes.'
De gekte is miskien wat fuort, de ferwûndering bliuwt. Hoe is it yn de wrâld mooglik dat it Eastermarder skûtsje sa mar yn de A-klasse komt? En bêste minsken: ûnderskat net wat dat betsjut foar it doarp. De namme fan it skip wurdt kommend jier by de IFKS alle dagen neamd yn 'e krante en, wat mear is, troch Klaas Jansma. Ek no al wurdt Eastermar hieltyd neamd yn de kranten!
Eastermar hat mei it skûtsje himsels wer op 'e kaart set. Wêr't wy ek kamen: iderien wie optein oer ús ferhaal, ús skip, de útstrieling en de supporters. Freegje de foarsitter fan 'e IFKS, Cees Amels: foar him is Eastermar in foarbyld fan de IFKS-sfear. By de huldiging die er de tûmen omheech.
Jimme allegearre tige tank foar it meilibjen. Op 'e dyk, mei boatsjes, mei mails, op 'e side. Dat jout ferplichtings foar takommend jier. Wy steane net mear yn 'e berneskuon: wy binne (fral mei in oare mêst) ree foar de A.
Oebele
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »