Ek dit jier wurdt der wer in skûtsjewynaksje yn Eastermar en omkriten hâlden.De opset en de útfiering binne lykwols wat oars as foargeande jierren. Dizze oanpassing yn ‘e organisaasje hat te krijen mei de nije regeljouwing oangeande de ‘Drank- en Horecawet’.
Yn ’t koart hâldt dat yn dat de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) net mear de organisator fan ‘e aksje wêze mei, want bestjoers- en bemanningsleden meie neffens de nije oarderingen net mei alkoholhâldende dranken by de doarren del. Nei oerlis mei de ôfdieling Hanthavening fan ús gemeente is der gelokkich in oplossing fûn om de aksje dochs trochgean te litten. Net ûnder de flagge fan ‘e SIES wurdt de aksje organisearre, mar ús supermerk ‘Alles ûnder ien dak’ nimt it oer. It stiftingsbestjoer is osa wiis mei de reewilligens fan Sjouke en Sippie Wijnsma om as ‘yntermediêr’ optrede te wollen!
De aksje wurdt no sa útfierd:
- der komt earst ien del om jo bestelling, út namme fan ‘e super, op te nimmen
- dêrnei kin de bestelling by de supermerk ophelle, mar ek besoarge wurde
- by ôflevering wurdt betelle
- de aksje wurdt hâlden tusken Sinteklaas en de krystdagen
In oar gegeven by dizze aksje is dat der diskear gjin rosee oanbean wurdt. Us saakkundige wynpriuwers ha teset west oer ferskate soarten wyn (wyt, read en rosee), mar de beskikbere soarten rosee waarden as net Eastermarweardich oan kant set. Sadwaande bleaunen ûnder it biedwurd ‘better twa goede produkten oanbiede as trije mei ien minne derby’ dit jier allinnich de wite en de reade wyn oer om as skûtsjewyn te ferkeapjen. De reade wyn is ‘Côtes du Rhone’ út it súdlike Rhônedal, de wite komt ek út Frankryk, in Duboeuf Cuvee Blanc út de provinsje Languedoc.
Mar… beide soarten wurde fansels oanbean ûnder de namme ‘Eastermarder skûtsjewyn’. Want… sûnder wyn wol in skûtsje net farre.
It SIES-bestjoer en skûtsje-eigners
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze »