Yn dizze tiid fan ‘t jier dy’t ek wol bekend stiet as ‘de donkere dagen voor Kerstmis’ jout de kontoerferljochting fan ús doarpsskûtsje in feestlike oanblik. Saterdeitemoarn 9 novimber hat in tal stiftingsbestjoersleden dwaande west om dy ferljochting wer oan te bringen. Under de saakkundige lieding fan ‘ljochtmaster’ Oebele Brouwer binne de kabels mei de pitten en it seilteken ‘Ea’ teplak hongen. Trochdat dizze ljochtkabels by de minsken fan it bedriuw DRS (Noardburgum/Eastermar) neisjoen binne en hja ek wat sterkere pitten leverje koenen, stiet it gehiel der wer tiptop by. By tsjuster is fan fier ôf it silhûet fan it Eastermarder skûtsje te sjen en dat jout in fertroud gefoel by it thúskommen. Dat fertroude byld bliuwt oant mids febrewaris, want dan is it ‘EA-ljochtbarren’ wer dien…
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »