Alle jierren is der in protte belangstelling foar de donateursjûn en alle kearen is it wer spannend: passe wy noch yn Meerzigt of moat der socht wurde nei in gruttere lokaasje. Net dat de stifting dat fan doel is want in donateursjûn en Meerzigt hearre no ien kear byinoar. Dit jier koe it ek mar wer krekt en siet of stie eltsenien deun opinoar om mar neat te missen fan it wolkomstpraatsje fan de foarsitter, it omsjen nei it skûtsjeseizoen troch skipper Geale Tadema en fansels de moaie skûtsjeferhalen fan skriuwer Hylke Speerstra. Speerstra brocht mei in protte humor moaie sfearbylden fan de skûtsjesilerij fan eartiids en ek Sinterklaas kaam yn syn ferhalen noch even del.
Earegast wie Sjirk v.d. Meer, de hast 92-jierrige âld-beropssskûtsjeskipper - de lêste der Mohikanen - fan de Snakkerbuorren. Van der Meer ferraste it publyk troch Geale Tadema mei krityske fragen te bestoken, dy 't de skipper gelokkich prima parearje koe.
Gaatse de Vries hat dit jier ôfskied nommen as bemanningslid en hy waard troch de skipper út namme fan de bemanning bedankt yn de foarm fan in moai oantinken.
De stifting kin weromsjen op in hiel gesellige jûn dy't ôfsluten waard mei de tradisjonele ferlotting. It bestjoer stiet no foar de grutte taak om wer sa'n boeiende sprekker te finen foar it oare jier. Mar earst giet fansels alle omtinken nei de kommende wynaksje.
Foto's: Rob Krimpenfort
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »