Mids desimber ferline jier koenen wy op ‘e doarpshiemside www.eastermar.nl lêze dat de wyn foar de sutelaksje oangeande ús doarpsskûtsje net oan te slepen wie. Der hong in rekord yn ‘e loft… No, dat rekord is mei glâns en gloarje brutsen: der binne 1520 flessen ferkocht!
Dit geweldige resultaat is yn it foarste plak te tankjen oan ‘e keaplust fan ‘e wyndrinkers yn Eastermar en wide omkriten. Mar ek de frijwilligers dy’t mei flessen en doazen read, wyt en rosee by de streek wienen, fertsjinje in grut komplimint.
Hjirmei blykt mar wer dat ‘it doarp Eastermar’ grutte stipe kriget út it doarp en dat der by bedriuwen sympaty foar de skûtsjeaktiviteiten is.
Foar ús, it stiftingsbestjoer, is sa’n resultaat in ekstra oantrún om ús ek yn it jier 2011 yn te setten foar ús skûtsje.
Allegearre dy’t meiwurke ha om dit foarmekoar te krijen wolle wy tige tank sizze foar har krewearjen.
Tsjoch!
Ut namme fan it stiftingsbestjoer,
‘It Eastermarder Skûtsje’,
Wijbe Postma (foarst.)
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juni 2025
Verslag Skûtsje Ea op Lemmer Ahoy 2025
Afgelopen Hemelvaart weekend (donderdag 29 mei t/m zaterdag 31 mei) heeft ‘it doarp Eastermar’ deelg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2025
Skûtsje Ea en Lemmer Ahoy
Lemmer Ahoy 2025, 65 skûtsjes aan de start in 3 klassen. Wij zeilen in klasse 1.Vorig jaar een 3e pl... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »