It plakje by de âldbrêge is wer leech. Us eigen Eastermarder skûtsje hat syn fêste lisplak wer ferlitten om him yn de kommende wiken ta te rieden op de IFKS-wike.
Wis, wy hienen op 19 juny graach op it eigen wetter van de Burgumer Mar sjen litte wollen hoe't it nije túch der by stiet. En hoe't de ferhâldings no lizze mei de skippen út de heechste A-klasse. Spitigernôch koe dat net trochgean yn ferbân mei de te hurde wyn.
No leit it skûtsje by Terherne en letter yn de moanne by Heech. Net dat dêr de marren grutter of djipper binne (wat grif wol sa is) mar fral om't in soad oare skûtsjes dêr mei trainingen dan ek te finen binne. En pas as jo sile tsjin mannen as Douwe Visser, Delmer Los of Tony Brundel, dan witte jo wat jo kinne. Dan kinne Geale en syn mannen ek sjen litte wat it skûtsje nei al de ferbetteringen docht.
Op saterdei 7 augustus set de IFKS útein yn Hylpen. De lêste wedstriid is in wike letter op de Lemmer. Wy ferwachtsje "it Doarp Eastermar" dan de deis dêrnei werom yn eigen doarp.
Skipper en bemanning: sukses!
(Training op 'e Burgumer Mar, foto Berend Drent)
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »