Minsken,
Hiel foarsichtich begjinne wy sa njonkenlytsen realistysk te tinken ynstee fan te fantasearjen. It ferrin fan dizze wike is monsterachtich. Wa hie dit tocht? Net ien! Mar it kin.
De kâns is grut, eins hiel grut. En stel dat... stél dat 'it doarp Eastermar' it oare jier yn de IFKS-A meisile sil... Wat betsjut soks?
It betsjut dat der op skipper, adviseur en bemanning in gruttere druk komt te lizzen. Dat saken om in nóch profesjonerele oanpak freegje. It betsjut dat it skûtsje om in bettere mêst freget. It betsjut omtinken. Folle mear as no.
It betsjut dat wy net mear allinne fan de webside ôfhinklik wêze sille, mar dat radio en televyzje yn harren ferslachjouwing net mear om Eastermar hinne kinne. Mar dat oan de oare kant dy webside nóch belangriker wurde sil. Dat mear minsken nijsgjirrich wurde.
It betsjut promoasje. In enoarme 'boost' yn de nammebekendheid fan Eastermar. Dat doarp oan de Burgumer Mar, dêr 't dus blykber ek syld wurde kin. Dat boatsjeminsken dy kant dus ek mar ris út moatte. De terraskes miskien te lyts wurde.
Koartsein: dit hat gefolgen. Gefolgen foar it skûtsje, gefolgen foar de bemanning en gefolgen foar Eastermar.
Mei ús allen sille wy alles út de kast helje moatte. In kast mei ferrassings dêr’t wy net fan wisten dat se der yn sieten. En jawis, Eastermar stiet al op 'e kaart. Mar op de ien of oare wize komt der om dy letterkes op dy kaart in ljochtend rântsje. Falle de letters Ea fan Eastermar wat better op. In bysûnder doarp mei gewoane minsken, gesellige winkels, geweldige barrens en in hiel rap skûtsje.
No saterdei, by de finale, moat de baai fan 'e Lemmer de baai fan Eastermar wurde. Op Hylpen hiene sy it al oer de Eastermarder hoeke. Soks moat altyd wêze. De Eastermarder flagge kin fansels mei en oars is der by Tjoelker noch wol ien te besetten. Noch ien kear betiid fan ‘t bêd om de start net te missen.
Kommende snein sil it skûtsje ynhelle wurde. Wa 't de bemanning betankje wol foar sa 'n ferhipt spannende wike, is tige wolkom op de Komerk. Om fjouwer oere hoopje wy dat spesjale gefoel fan foarich jier noch ris mei te meitsjen; de bemanning ta te sjongen. Sil der in praatsje wêze en muzyk. En dat men by Meerzigt terjochte kin foar 'it Neipetear' , dat wit eltsenien fansels al. (Wol noch even opjaan foar de BBQ.)
En wa 't wat dwaan wol, op 'e hichte bliuwe wol, der by hearre wol, is tige wolkom as donateur fan de Stifting. Want jo stipe wie al wichtich, mar no hielendal!
Eastermar yn de A-klasse fan de IFKS... Net te leauwen. Mar aansen, as de prestaasjes sa goed bliuwe, stjerrende wier.
Rienk Vlieger
út namme fan de Stifting it Eastemarder Skûtsje
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »