Op de donateursjûn fan St. it Eastermarder skûtsje wie op freed 20 novimber in protte om kado te jaan.
Sa wie dêr de 250-ste donateur, dy 't út hannen fan foarsitter Wijbe Postma in poloshirt en in flesse skûtsjewyn yn ûntfangst nimme koe. Andries Teyema hie him oanmeld by it Easterbarren en by it optellen fan it tal donateurs die bliken dat hy de 250-ste stiper fan de stichting wie. De donateursjûn wie fansels in moaie gelegenheid om dizze man even yn it sintsje te setten.
Yn trije jier nei mar leafst 250 donateurs
Mar der wie ek it ôfskied fan twa bemanningsleden: Oebele Brouwer en Haije Veenstra. Beide krigen in kombinaasje fan moaie wurden en in foto fan it skûtsje mei fan skipper Geale Tadema.
Sprekker Anne Tjerkstra hie ek in protte om út te dielen. Prachtige ferhalen út de âlde tiid. Tjerkstra, sels berne op in skûtsje, koe omraak fertelle oer de bjusterbaarlike mominten út syn libben. Net allinne as skûtsjeskipper mar ek as alvestêdetochtrider. Fansels wie der nei ôfrin in flesse bearenburch foar Tjerkstra mar dy sil Tjerkstra nei alle gedachten net fuortendaliks wer fuortjaan.
Mar ien fan de hichtepunten wie dat dêr ynienen Koos de Vreeze, IFKS-skipper fan de 'Ut en Thús' fan Snits, foar it selskip yn Meerzigt stie, mei in grutte grize jiske-amerpûde ûnder de earm. En of Geale Tadema mar even nei foaren komme koe. Want de Vreeze hie wat om fuort te jaan. En nei in koarte ynlieding oer it hoe en wêrom mocht Geale Tadema de pûde iepenmeitsje. Der kaam in troch Koos de Vreeze selsmakke klik te foarskyn. En yndie, dy ûntbriek der noch altyd op it skûtsje.
En wat is no wer in klik? In klik, oftewol in roerklik, is in stikje 'scheepssier', yn dit gefal in stikje houtsnijwurk dat boppe-op it roer komt. Dit soarte fan byldhouwurk wurdt fakentiids troch keunstners makke, lykas Floor fan der Leun fan Warkum. Mar as amateurkeunstner docht De Vreeze net ûnder foar de profs en hy hie der in prachtich stikje wurk fan makke. Gelokkich hie foarsitter Wijbe Postma nei dit foarfal noch in flesse skûtsjewyn oer... om fuort te jaan.
Koos de Vreeze (rjochts) hie as ferrassing in klik makke foar 'it doarp Eastermar'.
En wat krekt foar de donateursjûn net slagge is no wol ynoarder (mei tank oan DRS): de ljochtsjes op it skûtsje baarne wer! En dat is alle jûnen wer in moai kadootjse foar Eastermar.
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2024
Winterklaarmaken skûtsje ‘it doarp Eastermar’
Eind oktober is, onder nazomerse omstandigheden, het skûtsje ‘it doarp Eastermar’ weer klaar gemaak... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Rabo ClubSupportactie Stichting It Eastermarder Skûtsje
Ook dit jaar hebben we als stichting SIES mee mogen doen met de RaboClubSupport en ook dit jaar hebb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »