Woansdei 12 augustus 2015 waard op it gemeentehûs yn Burgum - mei kofje en gebak - de lêste doaze mei argyfstikken fan de PKN-tsjerke fan Eastermar oerdroegen oan it gemeente-argyf fan Burgum. Atse Atsma hâlde as âld-foarsitter fan it Kolleezje fan Tsjerkrintmasters in taspraak en gie yn op in pear stikken dy't yn de troch Elle Bosma makke ynventarisaasje neamd wurde, sa as de ferbouwing fan tsjerke en toer yn 1731. Ek waard neamd dat de âldste akte út 1685 datearret. Boargemaster Ter Keurs en gemeentesiktaris De Jager namen de doaze fan de hjoeddeistige foarsitter fan it Kolleezje, Klaas Land, yn ûntfangst en doe waarden de oerdrachtspapieren tekene. Yn optocht gyng it hiele selskip dêrnei ûnder lieding fan gemeente-argivaris Schelte de Beer nei de kelder dêr't de doaze plechtich byset waard by de doazen mei it al oanwêzige argyf fan de PKN-tsjerke. Dat wie applaus wurdich, de hannen kamen op inoar by alle oanwêzigen. Ek oanwêzich wienen Margreet Eversen, Jan Ozinga en Ids Groenewoud dy't har allegearre, elk op eigen wize, ferbûn fiele mei Eastermar en syn ferline.

Overdracht A

Overdracht C

Foto's : gemeente Tytsjerksteradiel

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe