De folksdûnsgroep 'Tusken Mar en Leijen' fan Eastermar hie op 2 febr. 2013 har 25-jierrich jubileum en ek 25 jier lang û.l.f. Antina Hogerhuis fan Burgum. Op tiisdei, 7 maaie l.l. is dit heuchlike barren op ienfâldige wize betocht.
De groep is destiids oprjochte troch: Anna Kooistra - Jeltje Kooistra en Teun en Tjitske Zuiderveld. Yn datselde jier binne der al ridlik gau 30 leden, mei in hichtepunt fan 34 yn 1996. It wurdt in hiel gesellige middei yn ’t Hoekje, earst trije kertier meielkoar dûnsje en dêrnei skoft mei in stikje oranjekoeke.
Der wurdt fansels hiel wat ôfpraat, want ek de âld-leden ha in útnoeging krige en sa ek de partners/freonen fan de leden. Fansels kin in moaie groepsfoto as oantinken oan dizze middei net ûntbrekke.
As lêste part fan ’e middei in goed fersoarge kofjemiel yn 'De Pleats' yn Burgum. Nei it miel nimme fjouwer leden mei pine yn it hert ôfskie, mar hja sille dy moaie tiid dy’t hja sa yntins belibbe ha, net sa gau wer ferjitte.
Mei betankjes en blommen wurdt dizze gesellige middei ôfsluten en sa kin de folksdûnsgroep tankber weromsjen op in tige slagge 25-jierrich jubileum.
T.Z-P
-
- Informatie
- 23 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 mei 2025
Oproep voor vrijwilligers stempelposten
(Martijn is de jongerenwerker voor Eastermar) Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 mei 2025
Foto's en útslach EA-Run 2025 online
Likernôch 1000 foto's stean der fan de EA-Run online, makke troch fotografen Erwin Lap en Jan Kooist... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 mei 2025
Eastermar is...
...de keunst fan it skatsykjen. Oftewol geocaching; foar guon minsken in moaie hobby. De meast fanat... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 juli 2019
Roemeens Dansensemble in Eastermar
In Burgum is de afgelopen week voor de 15e keer een internationaal dansfestival georganiseerd "Het M... Fierder lêze »