Sa’n twaënheal jier ferlyn waard it koar Koardinaasje oprjochte. Yn ‘e ôfrûne jierren lieten de sjongers har hearre op it Easterbarren en by krystsangmominten. Snein 29 maaie waard yn ’t bestean fan Koardinaasje in histoaryske stap set: in optreden op frjemde boaiem. Om krekt te wêzen yn ‘e tsjerke fan Lekkum. Koardinaasje wie dêr net de iennige sjongploech: ek de koaren fan Ferwert (‘Heusj’) en  Snakkerbuorren/Lekkum (‘Hawar’) songen as klysters.

De mienskiplike faktor fan dizze trije koaren is de dirigint: Bert Noordenbos fan Wyns. Us doarpsgenoaten presintearren har mei trije lieten en dêrnei songen de koaren noch fiif nûmers meimekoar. Ut it publyk kamen wakker positive lûden oer wat te hearren en te sjen wie, dat in ekstra nûmer siet der ek noch oan!

Nei ôfrin wienen der opmerkings dat sa’n optreden grif nochris herhelle wurde moast. As útsetter koenen de koarleden en de fans it adrenalinegehalte yn it Lekkumer doarpshûs ‘De Weeme’ by in drankje wer wat op in leger peil bringe...

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: