Op saterdei 8 septimber sette tolve boerebedriuwen yn Noardeast-Fryslân fan 10.00 oant 16.00 oere de doarren iepen foar publyk. Dat bart yn it ramt fan it 10-jierrich bestean fan de Feriening Noardlike Fryske Wâlden (NFW), in koepelorganisaasje fan seis agraryske natuerferienings. Boppedat bestiet de Fer. Eastermars Lânsdouwe 20 jier.
Yn Eastermar hâlde de Maatskip Atsma (Lytse Hoarnstwei 8) en de Fam. Algra-Huisma (Swartewei 8) iepen hûs. Besikers, grut én lyts, kinne sa mei eigen eagen bygelyks ris sjen hoe’t in molkrobot wurket, der kinne kealtsjes aaid wurde en men kin sjen op hokker wize de boeren dwaande binne mei agrarysk natuer- en lânskipsbehear sa as it ûnderhâld fan elzesingels en beamwâlen.
Eastermarders en minsken út de regio hoege har op 8 septimber yn Eastermar net te ferfelen: in learsume besite oan dizze bedriuwen is prachtich te kombinearjen mei it Hynstespektakel en de PKN-kuiertocht, aktiviteiten dy’t dy dei ek op it programma stean.
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juni 2022
Gezocht: erfhond
Beste Eastermarders, Ik werk aan een langlopende fotoserie, die heet 'erfhonden'. Voor die serie fot... Fierder lêze »