Woansdei 22 novimber wie de earste byienkomst fan de hantwurkgroep. Tsien froulju mei in brei- of haakwurkje wiene om 09.30 oere presint yn de hûskeamer fan it Mienskipshûs. It wie in hiele noflike moarn mei bewûndering foar elkoars wurk, tips en oare moaie ferhalen.

De folgjende kear is op woansdei 6 desimber yn it Mienskipshûs en elke twa wiken dêrnei.  Eltsenien mei belangstelling foar hantwurkjen is fan herte wolkom. Oan- of ôfmelden is net nedich.

Hooplik oant sjen.

Sippie Wijnsma
Antsje Schoenmakers

handwerk