De wurkgroep Lokaat Loket hat koartlyn in saneamde Duofyts oanskaft om de wat minder mobile bewenners fan Eastermar in mooglikheid te jaan om der ris op út te gean. Op dizze manier is bygelyks foar te kommen dat guon minsken yn in sosjaal isolemint telâne komme of har iensum fiele. Hja kinne sa op 'e nij yn beweging komme of gewoan foar de gesellichheid fytse fansels... Op 12 septimber is de elektryske fyts oerlange troch húsdokter Piet Wiersema en fysioterapeut Ruth de Vries oan de wurkgroep Lokaal Loket. Mei tank oan in rige sponsoaren is it nedige jild op tafel kaam. Om der mar ris ien te neamen: It RCOAK ofwol it "Roomsch Catholijk Oude Armen Kantoor". Is't net prachtich? Foar de oare sponsoaren sjoch hjir mar.
Ek de fersekering en it ûnderhâld binne de kommende jierren foar rekken fan sponsoaren!
Taspraken mei wurden fan wurdearring en tank wienen der û.o. fan wethâlder Bouwman, dêrnei koene belangstellenden in rûntsje op de nagelnije fyts meitsje. De Wurkgroep hie dêrnjonken ek noch soarge foar muzikale omlisting troch Oebele Wagenaar en in drankje mei in gebakje.
De fyts is te reservearjen by ús doarpswinkel Alles ûnder ien dak, dy't de kaai yn behear hâldt en dêr't in prachtige stalling boud is troch Wopke Wobbes en dêr't boubedriuw Sicco Postma de materialen foar oanlevere hat. Foar in byldferslachje kinne jim hjirre sjen