Ea komt it wetter
It begjin
Yn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest, doe‘t ien spontaan wat op tafel smiet: ‘der soe wer in iepenloftspul yn Eastermar komme moatte! Dat liket my geweldich!‘
It idee sloech sa bot oan dat der úteinlik in echt iepenloftspulgroepke ûntstie. In hiel entûsjast mar ek serieus groepke fan 5 (âld)doarpsgenoaten!
It proses
Der is regelmjittich fergadere. In kwestje fan stinne, switte, laitsje, prate, kofje, tee, drankje derby, sjips, neitinke en wer prate, ideeën útwikselje, skriuwe en skrasse en wer en nochris… dit net en dat al en wêroer? Hoe en wannear? En: wêr? Grutte, grutte fragen.
Mar: wy ha it noch noait dien, dat wy kinne it wol.
Nije stap
In jier fierder hat dizze entûsjaste groep al hiel wat wurk ferset. Keuzes binne makke. Der stiet ek al in hiele protte op papier! Mei-inoar is der in ferhaal ûntwikkele en opskreaun mei de titel ‘Ea komt it wetter’.
It wurdt tiid foar in folgjende stap. Tiid om de plannen te dielen.
En doe?
De iepenloftspulgroep frege nije minsken om mei te dwaan. Se krigen útlis fan saken en taken waarden ferdield. It oanwêzige entûsjasme wurke oansteklik. Aksje! Ynformaasje waard opfrege, kontakten waarden lein. En gean samar troch...
Lang ferhaal koart
7 maaie 2025, de nijste stap: der komt in ynformaasjejûn mei útlis fan de plannen.
Hjir wolle wy elk dan ek graach foar útnûgje!
Woansdei 7 maaie 2025
yn Mienskipshûs de Kjellingen
fan 19.30 oere ôf
Us fraach
Der is fansels ferlet fan in protte helpende hannen. Oanmelde om te helpen kin dizze jûn ek alfêst. Bygelyks op it gebiet fan: akteurs, technyk, dekôr, bouploech, kaartkontrôle, kostúms, kaartsjekontroleurs, ferkear, parkearen, EHBO, muzikanten, grime, en noch folle mear.
Bist 7 maaie net yn de gelegenheid om te kommen, dan kinst dy online opjaan fia dit formulier frijwilligers iepenloftspul.
Sadree't der mear nijs is, dan fynst dit werom op dizze side. In eigen webside ensfh. wurdt fansels ek oan wurke.
Akteurs: wolstû meispylje? Dat kin fansels ek alfêst oanjûn wurde. Graach!
De audysjes komme noch op in letter tydstip dit jier.
Nijsgjirrich wurden? Hartstikke fijn en kom 7 maaie del!
It bestjoer fan iepenloftspul Eastermar,
Allard, Hetty, Hielke, Martsje, Reineke, Rienk, Stefan Erwin, Sjoerd en Wietske
Nijsgjirrich wurden nei de langere ferzje fan dit filmke? Kom 7 maaie del!