Sjut en Sjikke

Op 1 maaie om 10 oere set de kaartferkeap foar iepenloftspul Ea komt it wetter útein.
Dizze wike sil it bekende Eastermarder duo Sjut & Sjikke der ris flink promoasje foar meitsje. Hja hawwe betocht dat sy de kommende dagen oerdiedich oanwêzich wêze wolle op 'e sosjals. Sadwaande komme der oant freed alle dagen hilaryske filmkes online mei Sjut & Sjikke yn de haadrol, mar ek mei oare BE-ers.
Tsjek dizze wike Facebook, Instagram of it YouTube-kanaal (iepenbier) fan Iepenloftspul Eastermar.

It earste filmke kinst hjirûnder al besjen.