Wy hienen dit noch nea earder dien, dus wy soenen it wol kinne!
Us dream krige de namme: ‘Ea komt it wetter’.
Freed 18 septimber wie de lêste fan fiif útferkochte foarstellingen.
Wy sjogge werom op in tige slagge tiid. ‘Sa moai as wat!!
Ta beslút de wurden fan ús professor E.M. Beima:
‘Gean daliks mei hoop nei hûs, seit dizze toerwachter
en lit jo eangst en beven hjir mar achter
ferjit net, elkenien hat rjocht op in eigen ferhaal
mar nea it grutste rjocht, want dát wurdt jimme fataal
takomst en ferline, hja moetsje inoar
dus wês wekker en beret
altyd op it slimste taret
want
Komt it hjoed of komt it letter:
Ea komt it wetter!’
……………….
Ien ding is no al wis:
Tanksij hurdwurkjende meiwurkers/frijwilligers en ek tanksij alle stipers, kamen ús dreamen út!!
Fan in grutsk bestjoer:
Allard, Hetty, Hielke, Martsje, Reineke, Richtsje, Rienk, Stefan en Wietske
