Yn in grut tal doarpen rydt gjin ‘echte’ bus mear.
Net by eltsenien is bekend dat alle doarpen wol mei it iepenbier ferfier te berikken binne: mei de Opstapper.
De Opstapper bringt je fan in fêst punt yn it doarp nei in grutter OV-punt sadat je dan mei de bus fierder reizgje kinne (of oarsom fansels).
De Opstapper moat tefoaren reservearre wurde.
It goede nijs: it taryf wurdt ferlege nei € 2,50 de rit (inkelde reis). Dêrboppe komme de gewoane reiskosten.

Yn Tytsjerksteradiel ride Opstappers op de folgende plakken:

Wyns, nei stasjon Ljouwert 1 oere tefoaren belje mei 0800 – 2802803
Mûnein, nei Oentsjerk 1 oere tefoaren belje mei 0800 – 2802803
Suwâld nei Burgum (Kwekersstrjitte) 1,5 oeren tefoaren belje mei 0800 – 2802802
Eastermar, nei Burgum (Kwekersstrjitte) 1,5 oeren tefoaren belje mei 0800 – 2802802
Jistrum, nei Bûtenpost 1,5 oeren tefoaren belje mei 0800 – 2802802
Earnewâld, nei Nyegea (Wâldwei) 1,5 oeren tefoaren belje mei 0800 – 2802802 

opstapper

Ander nieuws van Doarpsbelang:
Ek nijsgjirrich: